Brûnsjitterij

febrewaris 3, 2021 10:47

Yn ús provinsje binne twa bedriuwen dy’t it dogge: brûns jitte. Se hawwe net allinnich opdrachten fan ynstânsjes en keunstners yn Fryslân, mar se binne ek lanlik bekend. Ik wie op besite by Joep en Pauline van der Kleij yn Ljouwert om te sjen hoe’t soks no eins giet. Mar ek om yn dizze tiid fan thúsbliuwen mear yn ’e kunde te kommen mei de wrâld fan it byldhouwen. Miskien in nije foarm fan leafhawwerij?

Foto © Matthijs Verkuijl

Der wurdt benammen wurke neffens de ferlernewaaksmetoade. Dat begjint mei it meitsjen fan in rubberen mal. Dêr wurdt in soarte fan negatyf fan it byld yn makke. Dêrnei folget it preparearjen fan it waaksmodel mei úteinlik trije lagen en it ynfoarmjen fan it model neffens de spesjale metoade. De waaks wurdt derút stookt en pas letter it brûns deryn getten. Oanjit- en ûntluchtingskanalen wurde makke ear’t in mingsel fan wetter, sjamotte en gips der as fersteviging omhinne komt. Earst moat de lucht folslein derút wêze; der moatte gjin bobbels yn it byld ûntstean.

Troch it ranen fan de waaks, mei trije dagen de ûne op 600 graden, giet de waaks derút en dan op de dei fan it jitten – ien kear yn de moanne – it brûns deryn mei in temperatuer fan sa’n 1500 graden! Nei it ôfkuoljen folget it útpakken, it slypjen fan de kanalen, it skjinmeitsjen fan it en it mei in kleurke patinearjen.

Foto © Matthijs Verkuijl

It brûnsjitten is wol in ferhaal apart. Dreech, waarm mei beskermjende klean oan. Dy’t sjocht hoe’t se dat dogge, kriget der grutte bewûndering foar. It komt o sa op ’e lea oan. Ymposant is it oanskôgjen fan it floeibere brûns op temperatuer en it foarsichtich jitten. Dat moat wol tige presys barre.

Matthijs Verkuijl

febrewaris 3, 2021 10:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.