Bywurke: kabinet yn berop tsjin ferbod jûnsklok
Resint ferskynd
De jûnsklok moat fuortdaliks ôfskaft wurde. Dat hat de rjochtbank yn De Haach kediisd yn in saak dy’t oanspand wie troch de stifting Viruswaarheid.
Neffens de rjochter makket de jûnsklok in fiergeande ynbreuk op it rjocht op bewegingsfrijheid en de persoanlike libbenssfear. Dêr wie in tige soarchfâldige beslútfoarming foar nedich, seit de rjochtbank. Foar de ynfiering fan de jûnsklok is lykwols gebrûkmakke fan de Wet bûtengewoan foech boargerlik gesach. De Earste en Twadde Keamer hoege dan net by de beslútfoarming belutsen te wurden. Dat hie wol nedich west, is it oardiel fan de rjochter, mei’t der gjin sprake wie fan “bysûndere urginsje”, lykas by in dyktrochbraak.
Bywurke 13.00 oere: De Nederlânske steat giet tsjin de útspraak yn berop. It kabinet hat frege om in útstel fan it ferbod op de jûnsklok, oant der in útspraak dien is op it berop, dat letter behannele wurdt. De saak oer de tydlike ûnderbrekking fan it ferbod tsjinnet fannemiddei om 16.00 oere.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje