Brânbrief: ‘Winkels en hoareka op 3 maart wer iepen!’

febrewaris 27, 2021 08:39 Fernijd

“Der is in ûnhâldbere situaasje ûntstien, en ûndernimmers stean dêrby mei de rêch tsjin de muorre.” Dat sei Abbe Borger as foarsitter fan H&I Surhústerfean. Ofrûne tongersdei bea er wethâlder Harjan Bruining en boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen in brânbrief oan. Dat die er út namme fan de winkeliers, hoareka en middenstân. “Langere winkelsluting is net helber mear en laat ta net te reparearjen skea en falliseminten.”

Foto: Gemeente Achtkarspelen

Wethâlder Bruining fan Ekonomyske Saken yn Achtkarspelen hie alle begryp foar de aksje. “It is net allinnich yn Surhústerfean oan ’e oarder, mar yn alle doarpen fan ús gemeente. Undernimmers spylje in enoarm wichtige rol yn ús maatskippij. De Haach beslist, mar moat begryp hawwe foar wat dat betsjut. Jou de ûndernimmers op tige koarte termyn perspektyf oer wannear’t se harren bedriuw wer iepenje kinne foar it publyk.”

De brânbrief befette ek in oprop om de situaasje ûnder it omtinken te bringen by de Feilichheidsregio, it kabinet en kollega-boargemasters. “Dat krêftige en begryplike sinjaal meitsje ik graach breed kenber”, sei Oebele Brouwer. “In fitaal ûndernimmersklimaat is fan grut belang foar ús gemeente.”

febrewaris 27, 2021 08:39 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.