Brânbrief jeugd troch 150 wethâlders ûndertekene
Resint ferskynd
150 wethâlders jeugdsaken út gemeenten yn hiel Nederlân stjoere premier Rutte en it demisjonêr kabinet in brânbrief. Oanlieding: de grutte gefolgen dy’t de oanhâldende koroanapandemy hat op de jongerein.
De wethâlders dogge de oprop mei jongelju, deskundigen, helpferlieners en riedsleden. Konkreet freegje se it kabinet om binnen fjouwer moanne in op aksje rjochte deltaplan jeugd te presintearjen, sadat jonge minsken wer perspektyf krije. Der wurdt in protte fleksibiliteit fan de jongerein frege, wylst dy ek te krijen hat mei komplekse problemen as iensumens, depressiviteit en agressiviteit. De urginsje om op te treden wurdt hieltyd grutter. De jongelju fiele no al hast in jier de beheiningen yn harren jonge libben, harren wolwêzen, groei en ûntwikkeling.
Ferantwurdlikheid fan gemeenten
De gemeenten binne sûnt 2015 ferantwurdlik foar de jeugdhelp. Gemeenten krigen dêrom ekstra jild fan it Ryk om de jongerein yn de pandemy te stypjen. Dat is lykwols net genôch. Gemeenten nimme harren ferantwurdlikheid, mar kinne dat net allinnich. Lanlik omtinken is nedich.
Taskforce en konkrete foarstellen
De ûndertekenjende partijen freegje it kabinet om, yn oparbeidzjen mei gemeenten, jongerein, deskundigen en helpferlieners, in taakgroep yn te rjochtsjen en in op aksje rjochte deltaplan jeugd te presintearjen. En te finansierjen, mei krekt safolle urginsje as de ekonomyske stipepakketten. Sadat der binnen fjouwer moanne yn alle regio’s fan Nederlân konkrete foarstellen binne dêr’t de jongerein, kânsryk, feilich en sûn mei wêze kin en efterstannen mei opheven wurde.
Taheakke: Brânbrief wethâlders deltaplan jeugd
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje