Boekkontrakt tekene yn tsjerke Piet Paaltjens

febrewaris 15, 2021 08:51

Nij boek Onder Frieslands grauwe hemel oer dichter-dûmny yn novimber

Op freed 12 febrewaris tekenen útjouwerij Wijdemeer en skriuwer Johannes Keekstra in kontrakt foar it boek Onder Frieslands grauwe hemel. Yn novimber ferskynt de kleurrike útjefte oer dûmny-dichter François HaverSchmidt, bekend as Piet Paaltjens.

Foto: Siem Akkerman

De ûndertekening wie yn de Mariatsjerke fan it buorskip Foudgum, by Dokkum. Yn de jierren 1859-1862 stie François HaverSchmidt dêr op de preekstoel en hy wenne yn de pastory. Skriuwer fan Onder Frieslands grauwe hemel Johannes Keekstra groeide deunby it tsjerkje op en fûn as teatermakker in protte ynspiraasje yn de foardracht Mijn eerste gemeente dy’t HaverSchmidt yn 1880 skreau oer Foudgum. HaverSchmidt wie der djipûngelokkich, lykas te lêzen is yn syn beskriuwingen fan it doarp. Om de tiid te ferdriuwen stoarte er him ûnder it pseudonym Piet Paaltjens op gedichten, dy’t letter yn de ferneamde bondel Snikken & grimlachjes ferskine soene, en hy wurke der oan it optochte Oera Linda-boek.

Johannes Keekstra (foto: Siem Akkerman)

Boek as ôftraap projekt
Nei’t er de neamde foardracht by tafal lêzen hie, makke Keekstra fuortdaliks plannen foar in teaterproduksje, yn 2022 op te fieren. Dêrfoar die er djipgeand ûndersyk yn argiven en publikaasjes: de ferskate tichtplichten yn koroanatiid joegen dêr in protte gelegenheid ta. It levere safolle ynformaasje en ynsjoggen op, dat foarôfgeand oan de útfiering it boek ferskynt, as in soarte fan ôftraap.

Webside
It ûndertekenjen fan it boekekontrakt betsjutte ek de lansearring fan de webside www.grauwehemel.frl, oer it projekt as gehiel. Tsjin de simmer kinne belangstellenden dêr al yntekenje op in eksimplaar fan de útjefte, dêr’t de kommende tiid de lêste hân oan lein wurdt.

febrewaris 15, 2021 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.