Bizesetten fan twa skarlunen

febrewaris 20, 2021 09:34

Jelle en Geart giene jûns as it begûn te skimerjen wol gauris op paad. As hja ûnderweis in fyt úthelje koene, lieten se it net. Sa kamen se ris in hûs foarby dêr’t lûde muzyk nei bûten skettere.
“Sille we ris sjen wat dêr geande is?” sei Jelle.

Foarsichtich slûpten se nei de wente ta. De oergerdinen sieten net ticht, dat se koene sa nei binnen sjen. By it ljocht fan in peteroaljelampe sieten manlju en froulju om de tafel. Dêr stiene aardich wat bierfleskes op. Se songen mei in fleske yn ’e hannen op de maat fan muzyk dy’t út de lûdsprekker kaam fan de radiosintrale. Yn dy tiid stiene der peallen dy de dyk lâns mei triedden dy’t nei de huzen rûnen en dan nei in kastke yn de keamer dêr’t de lûdsprekker op oansletten siet. Se koene twa stjoerders krije, Hilversum 1 en 2.

“Witst wat we dogge?” sei Geart, “We sille se efkes pleagje. We ferbine de beide triedden mei in triedsje oaninoar, dan ha se de twa stjoerders trochinoar.”
Se hellen in triedsje fan de roazestrûk tsjin de muorre ôf en makken ferbining. Dat sa kamen út de lûdsprekker in sprekker en muzyk trochinoar hinne.

“Sille we de âld fytsen tsjin de efterdoar oan sette? Dan batse we bêst tsjin de ruten.”
Dat kaam klear. Der waard goed op de ruten batst. Jelle en Geart rûnen om it hûs hinne wer nei efteren en giene dêr efter de hage sitten. It wie roettsjuster, want bûtenlampen wiene der doe noch net. De manlju stoden de doar út en stroffelen oer de âlde fytsen. De iene flokte en skold noch mear as de oare.

Slop fan it laitsjen rûnen de beide skarlunen wer nei de dyk ta. Doe’t se in eintsje fierder wiene sei Jelle ynienen: “Hjir kinne we ek in moaie fyt úthelje. Hasto dyn bûsmes by dy?”
“Ja, hoesa?” sei Geart.

Foto © Janke Mulder

“De minsken dy’t hjir wenje ha allinne mar in efterdoar mei in klinksluting. We snije in takje út in beam en meitsje der in punt oan en triuwe dy boppe de klink, dan kinne se him oan de binnenkant net wer omheech krije en kinne se der net útkomme. Dan slane wy op de ruten en dan wolle dy lju derút en fine se de doar fêst.”
“Prachtich”, sei Geart, “dat dogge we.”

Doe’t de lju murken dat se der net útkomme koene, kaam it skofinster yn de keamer omheech. Jelle en Geart stiene in eintsje fierder yn it tsjuster. Se seagen in frommes mei de hannen foarút ta it raam út knoffeljen en se fermakken har ta de teannen út.

Neiferteld troch in Skarlún

Bizesetten= kweajongesstreken
Skarlún = immen dy’t grappen makket of fiten úthellet
febrewaris 20, 2021 09:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.