Biotrack kriget 25.000 euro foar it fierder ûntwikkeljen fan koroanatest

febrewaris 5, 2021 08:57 Fernijd

It Fryske bedriuw Biotrack ûntwikkelet in nij testpakket om de koroana-ynfeksjes te ûndersykjen. Foar dat projekt kriget Biotrack in ynsidintele subsydzje fan 25.000 euro fan de provinsje Fryslân.

Foto: GGD

It koroanafirus soarget derfoar dat bedriuwen har oanpasse moatte. Biotrack is dêr in moai foarbyld fan. Dat wurke al yn ferskate sektoaren, dêr’t it manieren foar fluch en betrouber ûndersyk nei mikro-organismen foar betocht. Earst foar de wettersektor, doe de libbensmiddelssektor en de lêste jierren yn de medyske sektor. Troch de útbraak fan Covid-19 hat Biotrack yn heech tempo in nije testkit ûntwikkele foar it monitoaren fan Covid-19-ynfeksjes by pasjinten.

It folsleine byld
It projekt mei de titel ‘Het complete beeld’ mjit trije ûnderdielen: it nivo fan besmetting, de aktiviteit fan it firus en de ûntwikkele ymmuniteit (serology). Biotrack brûkt it subsydzje om it ûnderdiel serology fierder te ûnderbouwen en yn gearwurking mei oaren yn de praktyk te bringen.

Mei-inoar de pandemy ferslaan
De Provinsje Fryslân stipet dat moaie doel, mei-inoar besykje om de pandemy derûnder te krijen. It projekt past by de doelen fan de provinsje, beskreaun yn it ferbettermaatregelpakket: Lok op 1, No en Moarn. Dêrneist laat it projekt ta nije heechweardige wurkgelegenheid op laboratoarium-, IT- en wittenskiplik mêd.

febrewaris 5, 2021 08:57 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.