Bidde

febrewaris 7, 2021 06:17

Oertinking

In protte minsken fiele it ferlet om harren tinken oer it leauwen yn rêst en mei tawijing te oarderjen. It wol of net yn stilte útsprekken nei de Unneambere, it Godlike, wurdt ek wol bidden neamd. Dat kin op alderhande wizen lykas it kleigebed, de lofprizing, it politike gebed, it tafelgebed en efkes gau in koart, lyts gebed dwaan. Bekend binne ek it het tank- , it smeekgebed en de seinebea.

It is soms dreech om ûnder wurden te bringen wat jin rekket. Oan ’e oare kant kinne wurden as in ferfrissende wetterfal begjinne te streamen. Mar by alle bidden stiet besinning oer wat bard is sintraal. Dat reflektearjen freget om der tiid foar frij te meitsjen.

Kon ik de stilte maar wat harder zetten is de titel fan in boek fan Leo Fijen. Hy siket nei in fruchtbere romte fan fromme tawijing yn de minske sels. Ein ferline jier kaam syn boekje Bidden in tijden van afstand en verwachting* út.

Yn jins eigen feilige romte gedachten en gefoelens útsprekke makket jins libben lichter. Foar dat jin weromlûken yn de eigen binnenkeamer is stilte belangryk. Efkes neat dwaan, stilstean en op siken komme. Soks as suvering foar de siel. Perspektyfwikseling wurdt der mooglik troch. It kin hieljend wurkje om jinsels oer te jaan oan wat men fielt of belibbet.

Deisluting

Eigentlik leau ik neat,
en twivelje ik oan alles, sels oan Jo.
Mar soms, wannear’t ik tink dat Jo wiswier libje,
dan tink ik, dat Jo Leafde binne, en iensum,
en dat, yn selde wanhoop, Jo my sykje,
lykas ik Jo.

Wytze Brandsma,  Gersleat
emearitus agooch-teolooch

*Leo Fijen (1955), histoarikus en sjoernalist, Van Allerheiligen tot Kerstmis / Bidden in tijden van afstand en verwachting, Adveniat, Baarn 2020 en Kon ik de stilte maar wat harder zetten, Ten Have, Utrecht, 2014.
** ‘Dagsluiting’, Gerard Kornelis van het Reve (1923-2006), út Nader tot U, G.A. van Oorschot, Amsterdam, 1966; oersetting Cor Waringa
febrewaris 7, 2021 06:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.