Bernewike De Lawei giet online troch

febrewaris 19, 2021 08:56 Fernijd

Foto: Henri de Boer

Yn De Lawei steane de skoalfakânsjes altyd yn it teken fan de bernewike. Yn de foarjiersfakânsje fan 20 o/m 28 febrewaris is dat net oars. De Lawei stekt de ‘Kidsweek’ yn in digitaal jaske. Sa wurde der fergeze wurkateliers organisearre fan Drumschool Dr888, is der it KidsAtelier en binne der online foarstellingen en dûnsfideo’s te besjen.

Drumschool Dr888 – BoemTsjakkaBoem
Mei drumskoalle Dr888 wurdt it wurkatelier BoemTsjakkaBoem organisearre. Mei dosint Henri sille de dielnimmers drumme mei objekten fan thús, tink oan amers en sleven. It wurkatelier is op woansdei 24 febrewaris fan 15.00 oant 15.30 oere foar bern fan 5 o/m 10 jier. Dat is fergees, mar ynskriuwe fan tefoaren is nedich.

Wurkatelier skilderje lykas Picasso
Skilderje mei fjouwerkanten, trijehoeken, sirkels en in hiele protte kleur, dat is hoe’t Picasso te wurk gie. By it KidsAtelier leart de dielnimmer sels ek sa te tekenjen en te skilderjen.

Dance Camp (foto: Mango Pictures)

Fia Teams wurde de wurkateliers jûn troch dosint Amarins en leare de bern de kneepkes fan it fak en kenne se tenei in echte Picasso fuortdaliks werom. It online wurkatelier is op freed 26 febrewaris fan 10.00 oant 11.30 oere foar 5 o/m 8 jier en fan 12.30 oant 14.00 oere foar njoggen jier en âlder. Dat is ek fergees, mar oanmelde is nedich en kin oant en mei woansdei 24 febrewaris.

Sjoch foar mear online foarstellingen, kleurplaten en dûnsfideo’s op www.lawei.nl/kidsweek.

febrewaris 19, 2021 08:56 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.