Berne-opfangen Kids First iepen mei Ljochtsjeswike

febrewaris 7, 2021 08:52 Fernijd

Mei yngong fan 8 febrewaris docht Kids First COP-groep de doarren fan syn bernedeiferbliuw- en pjutte-opfanglokaasjes wer iepen. De bern wurde ferwolkomme mei de Ljochtsjeswike.

‘Op zoek naar het Lichtjesfeest’ fan Sanne Amsink en Anne Kunst (boarne: Kids First)

Yn de wike fan 8 o/m 12 febrewaris 2021 fiert de berne-opfangorganisaasje foar it fjirde jier efterinoar op alle iepen lokaasjes de Ljochtsjeswike, mei it tapaslike tema ‘ferbining’.

De Ljochtsjeswike is in jierliks weromkommend evenemint. Mei wyk of buert, sportferieningen, âlden en bern wurde dan normaalwei aktiviteiten organisearre. In feest, betocht troch entûsjaste pedagogysk meiwurkers, dat ferbiningen leit binnen en bûten de organisaasje. Dêr stiet wille by foarop.

“Yn 2021 sil it fanwege it koroanafirus dochs oars belibbe wurde as foarhinne. Wy kinne ommers net samar mei grutte groepen byinoar wêze en mei-inoar in gesellich feest fiere”, seit Esther Ottens, kommunikaasjeadviseur Kids First. “Dêrom sille alle bern yn it ramt fan de Ljochtsjeswike in kadootsje krije. De BSO-bern moatte spitigernôch wat langer op harren attinsje wachtsje, mar dy bliuwt fansels beskikber as de BWO ek wer iepengiet.”

Der sil foarlêzen wurde út it printeboek Op zoek naar het lichtjesfeest, dat ferline jier troch Kids First lansearre is. It boek is makke troch twa pedagogysk meiwurkers: auteur Sanne Amsink en yllustrator Anne Kunst.

Kids First COP-groep biedt berne-opfang yn de breedste sin fan it wurd yn Fryslân, Grinslân en Drinte en is mei mear as 140 lokaasjes ien fan de grutste berne-opfangorganisaasjes yn Noard-Nederlân. Sjoch foar mear ynformaasje op www.kidsfirst.nl.

febrewaris 7, 2021 08:52 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.