‘Andere Tijden’ oer Jules de Corte

febrewaris 10, 2021 08:52

It skiednisprogramma Andere Tijden (NTR/VPRO) begjint in nij seizoen mei de ôflevering ‘Jules de Corte: de vader en de zoon’.

Jules de Corte (boarne: NTR/VPRO)

Jules de Corte (Deurne, 1924 – Eindhoven, 1996) wurdt troch in medyske flater blyn as er ien jier is. Hy sil nei it blineynstitút fan it kleaster yn Grave, dêr’t blinen boarstel- of kuormakker wurde kinne en dêr’t gjin plak is foar famkes en seksualiteit. Mar fuortdaliks nei de oarloch nimt de muzikaal talintearre De Corte in ûnferbidlik beslút: hy ferlit it kleaster om in karriêre yn de muzyk te begjinnen, as pianist en sjonger. Wêr hellet in bline jongeman de krêft wei foar sa’n stap?

Dit jier is Jules de Corte presys 25 jier dea. Yn de fyftiger en sechstiger jierren groeit er út ta in echte stjer. Hy is de earste bline artyst fan Nederlân en skriuwt hûnderten lietsjes – ferskes mei firtuoaze teksten dêr’t er net benaud yn is om tsjin hillige hûskes te traapjen. Want dat De Corte lef hat en wers is fan konvinsjes, blykt út alles.

Ernst de Corte (l.) en Bert van den Brink (foto: NTR/VPRO)

Andere Tijden giet mei soan Ernst de Corte werom nei it hûs dêr’t er opgroeide. De relaasje tusken heit en soan De Corte is komplisearre. Jierrenlang wol Ernst neat fan syn heit witte, om’t dy syn frou en seis bern ferlitten hat foar in folle jongere frou.

Hoe’t de teksten en ferskes fan Jules de Corte noch hieltyd yn it moed taaste, blykt út oantinkens fan bewûnderers. Gerard Cox sjit noch fol by ‘Het bruidspaar’, dêr’t De Corte de hypokrisy fan strang leauwigen yn beskriuwt. Henny Vrienten fertelt hoe’t er yn syn jonge jierren, doe’t rockmuzyk de noarm wie, net út doarde te kommen foar syn leafde foar it wurk fan Jules de Corte. En Ivo de Wijs fertelt oer in bysûndere en hilaryske trip nei België, dêr’t er as begjinnend artyst tegearre mei de grutte stjer optrede mocht.

De ek bline musikus Bart van den Brink fertelt oan Andere Tijden-presintator Astrid Sy hoe’t er as sânjierrige mei syn âlden by Jules kaam foar ried. Wie dat nou echt wat foar de lytse Bert, in libben yn de muzyk? Ut dat earste kontakt groeide in bysûndere freonskip.

Utstjoering: woansdei 10 febrewaris 2021, 22.20 oere, NPO 2.

febrewaris 10, 2021 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.