Allerzorg Care for Cancer wint ynternasjonale Orpea-ûnderskieding

febrewaris 12, 2021 08:29

Allerzorg Care for Cancer wint mei syn projekt gemoterapy thús in ynternasjonale Orpea-ûnderskieding. Sûnt april 2020 rint der in mienskiplik projekt gemoterapy thús mei it Bravis Oncologie Centrum. It earste sikehûs dêr’t Allerzorg de gearwurking mei oangien is.

Foto: Allerzorg

It tal pasjinten dat yn it Bravis Oncologie Centrum yn westlik Noard-Brabân behannele wurdt mei gemo- en/of ymmúnterapy wurdt alle jierren grutter. Dat komt sawol trochdat it tal pasjinten mei kanker tanimt as troch it útwreidzjen fan de behannelmooglikheden. Om de kapasiteit op de deiferpleging op te fangen, is in start makke mei it fersoargjen fan gemoterapy oan hûs.

Mariët Raatgever, soarchmanager onkology by it Bravis Oncologie Centrum: “Troch de gearwurking mei Allerzorg hawwe we de gemoterapy op in feilige wize nei hûs ta ferpleatse kinnen. Dat wie tige noflik foar de pasjinten, dy’t al kwetsber binne troch de kanker, al dan net yn kombinaasje mei in hege âldens. Hja hoege dêrtroch net ferskate kearen yn ’e wike nei it sikehûs te reizgjen.”

De Orpea-ûnderskieding ‘ynnovaasje yn soarch’ wurdt alle jierren útrikt. In sjuery fan dokters fan oer de hiele wrâld beoardielet it projekt.

Saskia Claassen, soarchspesjalist onkology en projektmanager Care for Cancer by Allerzorg: “Ik bin tige grutsk op de ûnderskieding. Gemoterapy thús is in projekt foar de takomst, dêr’t we de druk fan de soarch yn sikehuzen mei ferminderje, en de pasjinten yn harren eigen omjouwing fersoargje. It Bravis Oncologie Centrum is it earste sikehûs dat ús de kâns jûn hat om it projekt út te fieren. In gearwurking dêr’t we tige grutsk op binne!”

Allerzorg Care for Cancer hat grutte ambysjes op it mêd fan gemoterapy oan hûs. Sûnt febrewaris is de gearwurking mei in twadde sikehûs úteinset, it ADRZ yn Goes. Mei it winnen fan de ûnderskieding kriget Allerzorg Care for Cancer de kâns om it projekt ek ynternasjonaal te promoatsjen troch it jaan fan wurksjops oan Orpea wrâldwiid.

febrewaris 12, 2021 08:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.