Aldehou brekfallich: grut ûnderhâld nedich

febrewaris 16, 2021 11:30

Foto: Wikipedia/Wutsje – CC BY-SA 3.0

Der binne problemen mei de konstruksje fan de Aldehou yn Ljouwert. Dat meldt de gemeente. De lizzers ûnder de flier yn de toer binne ferrustke, en troch lekkerij binne der skuorren yn it mitselwurk ûntstien.

De problemen binne foar it ljocht kaam by ûnderhâld oan de toer. “Door de wijze waarop de vloer is gebouwd in 1910 is het noodzakelijk om de vloer en constructie geheel te vervangen”, meldt de gemeente.

De belangrykste draachkonstruksje fan de ynterne klokkestoel wurdt restaurearre en konservearre. Besteand mitselwurk wurdt rekonstruearre, mei help fan stielen draachbalken en nije bakstiennen dy’t by de âlde passe. De gemeente meldt dat de Rijksdienst Cultureel Erfgoed grien ljocht jûn hat foar de renovaasje.

Boarne: Omrop Fryslân

febrewaris 16, 2021 11:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.