Advyskommisje Gysbert Japicxpriis 2021 beneamd

febrewaris 16, 2021 16:06

Aktrise Nynke Heeg, skriuwer Hein Jaap Hilarides en âld-Tresoar-bestjoerslid Jannes van der Velde binne troch Deputearre Steaten beneamd as leden fan de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2021. Dy priis foar Frysk literêr wurk wurdt op sneon 6 novimber útrikt. Provinsje Fryslân, Tresoar, gemeente Súdwest Fryslân en de Gysbert Japicx Holckema Stichting organisearje yn dy moanne in literêr wykein yn Boalsert. Dêr sil de winner de priis yn ûntfangst nimme.

Der binne fan ’t jier gjin nominaasjes foar de priis. De Gysbert Japicxpriis jout erkenning foar de literêre kwaliteit fan de priiswinnende skriuwer. De skriuwer heart dêrmei by de literêre top fan Fryslân. Om de priis syn gerak te jaan, giet alle omtinken út nei de winner en syn of har wurk. It wurk fan de winner krijt in poadium yn it literêre wykein yn novimber. It literêre wykein wurdt opset mei ferskate literêre partijen.

Sjoch op de webside fan Tresoar foar mear ynformaasje.

febrewaris 16, 2021 16:06
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jozeph HG febrewaris 17, 12:30

    Je soene dochs wat mear literêre kennis ferwachtsje by sa’n kommisje.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.