Advys DINGtiid skoalynspeksje Frysk: besteande rolferdieling is goed

febrewaris 10, 2021 08:51

Advysorgaan DINGtiid riedt provinsje Fryslân oan om it foech fan de skoalynspeksje op it fak Frysk yn it primêr en fuortset ûnderwiis by it Ryk te hâlden en net oer te dragen nei de provinsje. Dat advys jout DINGtiid nei oanlieding fan in advysfraach fan provinsje Fryslân (oktober 2020). De provinsje frege DINGtiid ûndersyk te dwaan nei de optimale omstannichheden foar tafersjoch op it Frysk yn it primêr en fuortset ûnderwiis.

Provinsje Fryslân frege dêrby yn it bysûnder omtinken foar de posisjonearring fan it tafersjochsfoech. Soks nei oanlieding fan it Bestjoersakkoart ‘Lok op 1’ (2019-2023) dêr’t de provinsje de ambysje yn útsprutsen hat om it tafersjoch op it Frysk yn it ûnderwiis nei de provinsje ta te heljen en fan it Ryk oer te nimmen (resultaat 55 út it Bestjoersakkoart Lok op 1). It tafersjoch op it ûnderwiis (en ek op it Frysk yn it ûnderwiis) wurdt útfierd troch de Onderwijsinspectie.

Oer it foldwaan fan de ûnderwiisynspeksje fierde DINGtiid petearen mei Provinsje Fryslân, Underwiisynspeksje, Cedin, CSG Liudger, Lektoraat Meartaligens en skriftlike taalbehearsking NHL Stenden Hogeschool, ROOBOL en it Ministearje fan UKW.

Konklúzje: besteande rolferdieling is goed
Op basis fan dy petearen konkludearret DINGtiid dat de trend yn it tafersjoch op it Frysk yn it ûnderwiis posityf is . Elk hat it belang fan it Frysk foarop en wol it Frysk yn it ûnderwiis fierder bringe. DINGtiid stelt dat de besteande formele rolferdieling goed is. It tafersjoch is de ôfrûne jierren ferbettere; om it tafersjoch optimaal te krijen binne lykwols fierdere ferbetterings nedich en ek mooglik, sawol oan de kant fan it tafersjoch as oan de beliedskant.

Oanbefellings
DINGtiid docht in oantal oanbefellings dy’t ridlik ienfâldich út te fieren binne en op koarte termyn foar ferskil soargje kinne. De reade tried yn de oanbefellings is dat de provinsje yn de rol fan Taalskipper oanslút by de ynhâld, op it plak dêr’t de ynhâld bepaald en útfierd wurdt. De Taalskipper mei sichtber en pro-aktyf wêze en sjen litte dat se it wichtich fynt om op dit mêd in ferantwurdlikheid te nimmen.

  • bliuw op in geregelde basis yn petear as provinsje en ynspeksje;
  • slút as provinsje dêr oan dêr’t yn it ûnderwiis de einferantwurdlikheid sit: de skoalbestjoeren;
  • organisearje in jierliks oerlis mei alle skoalbestjoeren fan Fryslân mei omtinken foar it Frysk;
  • gean yndividueel mei de skoalbestjoeren yn oerlis oer de ambysje foar harren skoallen en stypje dy ambysje;
  • brûk foar sawol it mienskiplik as it yndividueel oerlis de ynformaasje fan de ynspeksje as basis;
  • lit de ynspeksje ek dielnimmer wêze oan, yn alle gefallen, it mienskiplike oerlis;
  • lit alle jierren in ‘ûnderwiisferslach foar it Frysk’ meitsje mei de ynspeksjeresultaten fan it ôfrûne jier, mei oare wurden: meitsje de resultaten sichtber;
  • organisearje it brede ûnderwiisnetwurk troch alle jierren in dei fan it Frysk yn it ûnderwiis te fasilitearjen. Mei as doel om elkoar better kennen te learen, fan elkoar te learen en gearwurking te stimulearjen;
  • ûndersykje oft FROSK (Fryske Opliedings Skoalle, platfoarm samen opleiden: in inisjatyf dêr’t skoallen foar fuortset ûnderwiis yn gearwurkje by it oplieden fan dosinten) in foarbyld wêze kin foar it fierder ûntwikkeljen fan it Frysk yn it ûnderwiis.

Lês hjir de folsleine advysnotysje.

febrewaris 10, 2021 08:51
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Cor Jousma febrewaris 10, 17:17

    Miskien kin dy taalskipper ek efkes mei dy o sa wichtige skoalbestjoeren oer bygelyks it rekkenjen oerlizze. En skiednis, ierdrykskunde ensfh…

  2. Abe febrewaris 11, 10:46

    De FNP makket hjir, jimmer ûnderweis nei ûnôfhinklikens, in punt fan leau ‘k. Ik skreau der yn 2019 dit oer: ‘De ryksynspeksje is in segen foar it Frysk ûnderwiis’.

    http://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2019/12/ryksynspeksje-is-in-segen-foar-it-frysk.html

  3. Tom Dykstra febrewaris 11, 22:38

    De diskusje oer wa’t de ynspeksjerol ha moat giet foarby oan de echte fraach: Wannear en hoe sil de ynspeksje echt tafersjoch hâlde op de kwaliteit fan it Frysk ûnderwiis? Oant no ta hat de ynspeksje dat net dien en allinne om de safolle jier in tema-ûndersyk útfierd (beskriuwing fan wat bestjoeren fan ûnderwiis yn it Frysk fine) . De easken foar it Hollânsk binne sadanich dat dêrom allinne al skoallen leaver gjin omtinken foar it Frysk ha. As it Frysk yn it tafersjoch net sa behannele wurdt as it Hollânsk dan sil der net folle feroarje. Net foar neat dat it troch Dingtiid selekte groepke minsken ta de konklúzje kaam de ynspeksje sa te litten. Dan hawwe jo der in minste lêst fan.Dat hienen de skoallen yn 2011 ek al oan it kabinet skreaun: kwaliteit, mar gjin Frysk.
    Knol hopet dat it net hingjen bliuwe sil yn bestoerlike tasizzings. Dat gefaar is hiel grut as der gjin bettere stúdzje fan de saak makke wurdt.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.