Aant Mulder: Natuermuseum Fryslân

febrewaris 9, 2021 07:00

Kollum

It sit it Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert net mei. Krekt as alle oare ynstellingen hat it te krijen mei koroanaswierrichheden. Dat betsjut dat it oan 2 maart ta ticht is. Dêr steane fergoedingen foaroer, mar dy meitsje dat allegearre grif net goed. It Natuermuseum hat ek lêst fan it skeel tusken de eardere direkteur en de meiwurkers. “Hy derút, of wy derút”, lies ik earne yn in krante. It waard de direkteur. Sûnt koart is der in nije ynterimdirekteur oansteld. Dy swierrichheden ha jild en enerzjy ferge. Dat is spitich. Beide hiene better oars ynset wurde kinnen. Dêr komt noch by dat de Provinsje minder subsydzje beskikber stelt. Dat wie sân en dat wurdt no fiif ton. Dat falt goed ôf. Wylst eins alles tsjinsit moat der dus ek noch besunige wurde.

Firtueel de fûgelwrâld besjen. Foto © Aant Mulder

It Natuermuseum Fryslân is troch de jierren hinne in prachtich gehiel wurden. It is in sjoch-, doch- en wurkplak mei in protte omtinken foar bern. It begûn allegearre mei opsette bisten en bisten op sterk wetter. Dat wie yn ’t earstoan it wurk fan mar ien man: Gerrit Bosch. De minsken neamden him faak ‘Fûgeltsje Bosch’. Syn bynamme sil dúdlik wêze. It begûn allegearre yn 1923. It tal opsette bisten waard sûnt grutter en grutter. Lang om let fûn hy in plak foar dy hieltyd mar grutter wurdende samling. Yn 1942, middenyn de Twadde Wrâldoarloch, waard ûnderdak fûn yn de âlde Bank fan Liening yn de Hearestrjitte yn Ljouwert. Der kamen in direkteur en in konsjerzje. Dêr, op dat plak ha ik it museum kennen leard. Sûnt is der troch ferhuzing en útwreiding gâns feroare. It is no in moai plak om mear oer de natuer oan ’e weet te kommen, in earsten minwaarfoarsjenning foar bern en âlden.

Yn 1987 ferhuze it museum nei it gebou fan it eardere Nieuwe Stads Weeshuis oan it Skuonmakkersperk yn Ljouwert. Nei in grutte brân stie dat gebou eins leech. It waard twa kear yngreven ferboud, daliks yn 1987 en yn 2004. Yn 2005 waard it binnenplein oerkape. Sa waard it In prachtich gebou mei in funksjoneel binnenplein. In gebou dêr’t fan alles te besjen, te belibjen en te dwaan is. De grutte kolleksje fan mear as 350.000 opsette bisten en fûgels is foar in grut part út byld ferdwûn. Dy wurdt ynset op mominten dy’t derta dogge. Ik tink oan de Grutte Skriezerace en oare aktiviteiten. Spitich dat no in tiid fan besunigjen oanbrekt.

Dat dy fiif mear jild krije en dat de oare trije dat belije moatte, dat fielt net goed. De kommisje hat grif net goed witten hoe’t sokke ynstellingen wurdearre wurde moatte.

Ik begryp dat der foar in part fan de meiwurkers, ik mien sels in tredde part lêzen te hawwen, gjin jild mear is. De kolleksje, dêr’t alles mei begûn, is no eins oer en tefolle. Bysûndere tentoanstellingen kinne hielendal wol fergetten wurde. Wat moat men oars ek al as sa’n grut part fan de subsydzje weifalt. Dat it net oars kin, is mei help fan in foarbyld maklik dúdlik te meitsjen. De tentoanstelling Animal inside out fan dr. Gunther von Hagens dy’t yn 2015/2016 besjoen wurde koe, moast ommers al twa ton foar betelle wurde! Dat is dus wat yn in jier besunige wurde moat. Dy tentoanstelling mei mear as hûndert bisten dy’t fan binnen besjoen wurde koene, kamen wol mear as 50.000 besikers op ôf. Dat jier, 2015, telde it museum hast 100.000 besikers. Dat wie net min. Sa ha se ek alris in tentoanstelling oer poep hân en no wer oer gif. Dêr binne echte giftige bisten te besjen. Dy tentoanstelling duorret oan 30 juny ta. No mar hoopje dat de koroana dat net folslein ûnmooglik makket.

Fiskje en fisken werkenne. Foto © Aant Mulder

Mar der is mear. Mei de pakesizzers ha ik net allinne geniete fan guon fan de neamde presintaasjes, mar ek fan de fêste tentoanstellingen. Ik tink oan de Walfiskseal mei de yn 1994 op It Amelân oanspielde potfisk, dêr’t hast dy hiele seal op ynrjochte is. Dêr kin ek ynteraktyf leard wurde hoe’t sokke bisten yninoar stekke. Ik tink ek oan it reiskabinet fan Kapitein Severein, oan Darwins Souder, it Weeshûsskoaltsje en net te ferjitten de nije ûnderwetterwrâld, dy’t de namme OnderWaterSafari krige hat. Ut in karke wei kin men de wetterwrâld fan in hiele oare kant besjen. Yn in kertierke kinne sa it libben yn en om it wetter fan sleatten en marren, mar ek dat fan de Waadsee belibbe wurde.

Bern wolle der graach hinne. As bern wolle, dan betsjut dat dat heiten en memmen, paken en beppen meikomme en mei-inoar in noflike moarn of middei ha. Húshâldingen genietsje fan wat der te sjen, te hearren en te dwaan is. Dat it in museum is, dat rekket suver op de eftergrûn. Dat soe ek samar jilde kinne foar it Lânbou- en it Skipfeartmuseum, dy’t ek besunigje moatte. Neam dat mar leechdrompelich. Lit dat no tagelyk de ynstellingen wêze dêr’t it measte op besunige wurde moat. De echte museums, sis mar dy mei in grutte K, dy krije krekt mear jild en in inkelde kear in hiel protte om de goede dingen te dwaan. Dan ha ’k it oer it Frysk Museum, it Prinsessehôf, Museum Belvédère, Museum Dr8888 en Planetarium/Martenahûs.

Dat dy fiif mear jild krije en dat de oare trije dat belije moatte, dat fielt net goed. De kommisje hat grif net goed witten hoe’t sokke ynstellingen wurdearre wurde moatte. Mar it Natuermuseum Fryslân hat in hiele tradysje, is mei de tiid meigien en hat foar bern en grutte minsken prachtige dingen yn ’e hûs. Hast hûnderttûzen besikers en dêr sitte aardich wat fan bûten Fryslân by. Dat is dochs krekt wat we wolle! It soe moai wêze as dy museums op deselde wize fierder kinne. Oars bliuwt der benammen foar bern net folle oer. Aksje dus.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 6 febrewaris yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
febrewaris 9, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.