Aant Mulder: It Noardlik Listlûkersdebat

febrewaris 16, 2021 07:00

Kollum

It Noardlik Listlûkersdebat fan moandei 8 febrewaris wie net botte noardlik. Dat debat dat de foarige kear yn de stêd Grins holden waard, soe diskear yn Ljouwert wêze. Dat is him net wurden. De koroana hie dat fan gefolgen en oars de winter fan ’21 wol. It Noardlik Listlûkersdebat waard holden yn sosjéteit De Witte yn De Haach, dat de acht listlûkers of de ferfangende listlûkers koene moai op deselde kante kilometer bliuwe dêr’t se eins altyd al binne.

Wy moasten der digitaal foar nei De Haach. Dat foel noch net iens ta. Doe’t ik ferbining meitsje woe, kaam ik nei alle gedachten yn reklame terjochte. Myn ‘drivers’ soene net goed genôch wêze. It hie net folle doel en klik soks oan, mar wat dan wol? Dagblad van het Noorden, LC en FD hiene dat tefoaren komme moatten. Gjin reklame! Doe’t ik kontakt hie, waard dúdlik dat de sprekkers fan en ta hielendal stil stiene. Dat lei fansels oan de ferbining of dochs oan dy ‘drivers’. Wat in gedoch, wylst we gewoan Omrop Fryslân TV, RTV Noord en RTV Drinte ha.

It is dúdlik, it noarden stiet wer op ôfstân. De listlûkers en de ferfangende listlûkers wrongen har yn bochten om dúdlik te meitsjen dat se dochs wol wat mei ús ha. Dat ‘Het Noorden’ út trije hiele ferskillende provinsjes bestiet kaam net oan ’e oarder. It gie oer de lanlike ûnderwerpen sa’t dy yn de lanlike ferkiezingsprogramma’s steane mei, ik jou it ta, regionale foarbylden. De leefberens yn it noarden kaam fuortendaliks oan ’e oarder en dus gie de diskusje oer de Lelyline, de Nedersaksenline, de slûs by Koarnwertersân. Dat hie fansels ek gean kinnen oer wenjen en wurkjen, oer ûnderwiis en kultuer, oer foarsjenningen yn doarpen en stêden. Net in wurd dêroer, of it soe wêze moatte dat nije huzen tichteby it spoar boud wurde moatte. It gie fierder oer enerzjytransysje, oer  lânbou, oer betrouwen yn de oerheid en oft de ferkiezingen al of net trochgeane. Ik koe dêr mar min noardlike ûnderwerpen yn sjen.

Wat moatte we mei al dy politisy út de Rânestêd wei
dy’t har yn bochten wringe moatte om derby te hearren.

Us kommissaris siet yn in oanbuorjend keammerke, begriep ik. Hoewol’t de man alle war dien hie om dit debat nei Ljouwert ta te heljen, waard er op it ‘moment surprême’ net iens neamd. Fragen oer de Fryske taal en kultuer (en dy wiene der) kamen net oan ’e oarder. Drinte waard ek net neamd. Grinslân hie synysk sein in streekje foar, mar ja, dêrfoar moast de hiele boel earst wol fersakje en folboud wurde mei enerzjyfabriken en wynmûnen, dêr’t de minsken sels wer gjin sint better fan wurde. De pommeranten hiene gelyk, dit debat koe likegoed op dy kante meter yn De Haach holden wurde. Sa ha se grif noch wat tiid oerholden foar wat oars! Ik bin benijd om te witten hoefolle minsken oft dit debat hielendal folge ha en hoefolle oft ôfheakken. Faaks lês ik dat nochris yn de LC.

Likegoed hie ’k te dwaan mei dy listlûkers en dy ferfangende listlûkers. Dêr stiene se dan, rjocht op en del, de hiele útstjoering lang. Se mochten yn tametten tiid sizze hoe’t se tochten dat it moast en se mochten hast net iens reagearje op wat oaren seine. Wa’t besocht om wat mear te sizzen, krige te hearren dat dêr gjin tiid foar wie. It hie om my oars mocht.

Wy Friezen binne ornaris wol aardich gastfrij en dat sil mei Grinslanners en Drinten net folle oars wêze. It digitale debat hie dêrom yn Ljouwert holden wurde moatten. Wy ha plakken dy’t net ûnderdogge foar sosjéteit De Witte. Hie se wat mear bylden, echte of digitale, sjen litten fan dizze omkriten. De politisy hiene dan in bytsje begrepen hoe’t it hjir om en ta giet. Hie se in stoel oanbean, in bakje kofje, swart of mei in hertsje. Hie ús lokale en regionale politisy it wurd jûn om de problemen te beneamen en dêr fragen oer te stellen. Dy binne goed op ’e hichte. Dat hie helte nijsgjirriger west.

Eins hie dit debat folle better hielendal sûnder listlûkers kinnen. Wat moatte we mei al dy politisy út de Rânestêd wei dy’t har yn bochten wringe moatte om derby te hearren. De measte partijen ha ommers wol kandidaten op de list stean, dy’t gewoan sizze kinne: Ik bin in Fries en ik wenje yn Wommels, of: Ik bin in Grinslanner of in Drint. Hie dy reagearje litten op dy lokale en regionale politisy. Ik tink dat dat helte nijsgjirriger west hie. Faaks hie dat trije debatten opsmite moatten, foar Fryslân, foar Grinslân en foar Drinte.

Fansels hiene dy kandidaten út de eigen omkriten op de lanlike listen neat tasizze kinnen. No ja, se hiene wol wat sizze kinnen oer wat se fan belang fine en dat se har dêr yn de eigen partij foar ynsette wolle. Dat hie net ferkeard west. It hie in opstap wêze kinnen nei it stimmen op kandidaten út de eigen regio. Dat is ommers nei de takomst sjoen de bedoeling.

Werom nei it debat sa’t dat holden waard. Ik ha respekt foar de feitekennis fan de politisy dy’t oan it wurd kamen. Se witte krekt wa’t, wannear al of net meidie oan útstellen en om hokker ynhâlden it dan gie.  Likegoed kaam dit debat op ôfstân op in beskaat stuit hiel tichteby. Dat wie doe’t de listlûker fan de PvdA opmurk dat de ôfstân fan Balk nei Ljouwert wol hiel grut wie foar âlde minsken om faksinearre te wurden. Neffens har soe dat oars kinne moatte. Ik as âlde Balkster wie it hielendal mei har iens. Mar soe se der ek wat oan dwaan?

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 13 febrewaris yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

febrewaris 16, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. reinder Bil febrewaris 17, 16:23

    Ik bin it deels iens want ik mis yn de kolum dat it mar sa’n lyts bytsje oer Fryslan fie.
    grins kaem noch wol yn byld mar Fryslan waerd beheind ta de Ofslutdyk. It debar wie in miste kans.

  2. Jehannes Elzinga febrewaris 18, 14:37

    Ik tink, earlik sein, dat der hast gjin mins nei dit sabeare Noardlik Listlûkers Debat yn De Haach sjoen hat, al wie’t allinnich mar omdat it sa lestich te finen wie. Yndie in miste kâns, mar sa te lêzen ha we der net folle oan mist.

  3. Sybren febrewaris 19, 13:11

    Dat de LC in Noordelijk Debat organisearret jowt oan dat de LC gein Fryske krant mear is

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.