Aant Mulder: Gewoan Frysk

febrewaris 23, 2021 07:28

Kollum

Jawis, sa soe it moatte: Gewoan Frysk prate yn gewoane Fryske situaasjes. It liket sa maklik, mar likegoed is it fan en ta in hiel o-heden. Dat begjint al by de taal sels. Wat de iene gewoan Frysk fynt, fynt de oar Frysk mei te folle hollanismen. Wat de iene geef fynt, fynt de oare âldfrinzich. Dat giet net allinne oer de taal sa’t we dy prate, mar ek oer hoe’t we dy skriuwe. Guon brûke de offisjele stavering, oaren brûke eardere of eigen staveringen mei altyd goede arguminten, fine se sels.

Gewoan Frysk kin ek betsjutte dat it gewoan is om Frysk te praten. Dat slagget yn ynformele rûnten ornaris goed. Yn formele rûnten is dat helte lestiger. Tink oan bestjoer, ûnderwiis, rjochtspraak. Oer Frysk yn it ûnderwiis wurdt in protte hinne en wer praat. Men soe hoopje dat der mei gauwens wat minder praat en wat mear dien wurdt. Wat dat oanbelanget rjochtsje we ús allegearre op 2030. Dan moat it Frysk yn it ûnderwiis it plak ha dat it rjochtens takomt. Kinne we as it om ûnderwiis giet noch oer gewoan Frysk prate, dat kinne we net as it om de rjochtspraak giet. Dat is nuver om’t oer beide domeinen nei Kneppelfreed ôfspraken makke binne.

Kneppelfreed, dat wie de dei dat Fedde Schurer yn Ljouwert foar de rjochter ferskine moast, om’t er yn de krante in rjochter, dy’t it Frysk net ferstean woe, misledige hie. Der wie aardich wat belangstelling foar dy rjochtsaak, dat de minsken koene net yn it lytse sealtsje. Sy mochten ek net yn de gongen en op ’e treppens fan it gebou stean. Foar it gerjochtsgebou waard de freedsmerk holden. Allegearre drokte! Dêr ûntstie gedoch en doe griep de plysje yn mei gummykneppel en brânspuit. Dat waard Kneppelfreed (16 novimber 1951).

De pommeranten waarden kjel en stelden kommisjes yn, ien foar ûnderwiis en ien foar it amtlik brûken fan it Frysk. Yn 1956 waard de wet-Donker fan krêft. Foar dy tiid mochten allinne dy Friezen Frysk prate dy’t har yn ’t Hollânsk net goed rêde koene. Sûnt 1956 kinne alle Friezen dy’t yn Fryslân wenje yn de rjochtseal gewoan Frysk prate. It like moai, mar de útsûnderingen makken dat der net folle fan op ‘e hispel kaam. Der binne ûnderwilens wol wer in pear dingen feroare. Dat barde yn 1997 mei De Wet gebruik Friese taal in het rechtsverkeer en yn 2014 mei de Wet gebruik Friese taal. Likegoed hat it heger berop fan Jenny Douwes fan de ‘Blokkearfriezen’ op 26 septimber 2019 wol dúdlik makke dat it brûken fan Frysk yn soksoartige omstannichheden noch hieltyd net goed genôch regele is. Dat wa’t no tinkt dat it brûken fan it Frysk yn de rjochtseal aardich gewoan wurden is, moat witte dat dat net sa is.

It soe sa wêze moatte dat rjochtsaken dy’t yn Fryslân spylje
ek yn Fryslân ôfhannele wurde

Yn sittingen fan it gerjochtshôf Ljouwert-Arnhim mei Frysk praat wurde, mar de sprekker moat dus wol yn Fryslân wenje. Datselde jildt foar de rjochtbank Noard-Nederlân. Wa’t Frysk prate wol, moat soks acht dagen yn ’t foar melde. Dat moat om’t in tolk oproppen wurde moat as de rjochter it Frysk net ferstiet. Dat betsjut dan dat de Fryskprater syn ferhaal oersette litte moat troch in tolk yn in taal dy’t er eins ek wol behearsket, mar dy’t likegoed sines net is. Dat dwaan makket dat de gong en de emoasje út it ferhaal reitsje. It docht fertochten gjin rjocht. Dêr komt noch by, dat der mar ien tolk is! Of it soe wêze moatte dat guon tolken de taaltoets Frysk ûnderwilens ôflein ha en sa goed genôch fûn wurde om as tolk Frysk te hanneljen.

Gerjochtshôf Arnhim-Ljouwert, lokaasje Ljouwert. Foto © Aant Mulder

It is wol goed bedoeld, mar we komme om yn de regels, de útsûnderingen en it is net altyd dúdlik wa’t wat betelje moat. Dat binne stik foar stik drompels. Wa’t foar de rjochter ferskine moat, hat ornaris wol wat oars oan ’e holle. Dat de kar om mar ‘gewoan’ Hollânsk te praten sil gauris makke wurde. Dat komt de suverens net te’n goede. Party Friezen kinne de dingen noch altyd better yn it Frysk ferwurdzje as se dêr de tiid teminsten foar krije en as der gjin drompels binne. It soe sa wêze moatte dat rjochtsaken dy’t yn Fryslân spylje ek yn Fryslân ôfhannele wurde. Yn Fryslân moatte gewoan de beide rykstalen brûkt wurde kinne. Dat betsjut dat de rjochters fan rjochtbank en gerjochtshôf yn Ljouwert en harren meiwurkers it Frysk folslein behearskje moatte.

Rjochtbank Noard-Nederlân, lokaasje Ljouwert. Foto © Aant Mulder

Ik kom dêr no op om’t de rjochtbank Noard-Nederlân, dêr’t Ljouwert dus ek ûnder falt yn Fred van der Winkel in nije presidint hat. Hy hat him okkerwyks yn de LC en faaks ek wol yn oare kranten foarsteld. Hy sei nijsgjirrige dingen. De rjochtspraak moat sichtber wêze. Dêrom hat er yn Ljouwert flaggen ophingje en buordsjes mei ‘Verboden toegang’ fuorthelje litten. MInsken meie wer gewoan op de treppens sitte. Hy sei yn dat fraachpetear ek: “Rechtspraak is van de mensen”. Fan ús dus! En yn Fryslân dus fan de Friezen! Dat moat neffens my betsjutte dat yn Fryslân as it om de rjochtspraak giet gewoan twa talen brûkt wurde kinne moatte. Dat is wat de Ried fan de Fryske Beweging wol, dat is wat Dingtiid wol en dat is wat de Provinsje wol. Dwaan dus.

Ik freegje Van der Winkel om it Frysk sichtberder te meitsjen, om dêrmei te begjinnen. Sa kin tawurke wurde op in situaasje dat yn Fryslân foar de rjochter gewoan altyd twa talen brûkt wurde kinne. Mei Van der Winkel moat dat slagje. It soe moai wêze as yn 2030 net allnne it Frysk yn it ûnderwiis, mar ek it Frysk yn it rjocht goed regele is.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 29 febrewaris yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
febrewaris 23, 2021 07:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.