Janne van Gilst yn SYB

febrewaris 21, 2021 08:52 Fernijd

Yn febrewaris en maart is Janne van Gilst te gast yn Keunsthûs SYB. Dêrút wei sil sy op ’e siik nei miltfjoerboskjes. Miltfjoerboskjes binne lânskipseleminten dy’t benammen yn de noardlike provinsjes fan Nederlân foarkomme. Se binne faak te finen yn hoeken en hernen fan greidlannen, isolearre troch in sleat deromhinne. Mei stipe fan geograaf dr. J.H.P. van der Vaart giet Van Gilst op ’e siik nei dy boskjes.

©Janne van Gilst – ‘Miltvuurbosjes’ (boarne: SYB)

Van Gilst wol sokke boskjes fêstlizze op foto’s, dy’t se yn SYB ôfprintsje sil mei ûnderskate techniken: troch te eksperimintearjen mei fotografyske printtechniken dy’t stadichoan ferdizenje (syanotypy, kallitypy) siket se in parallel mei de registraasje en betsjutting fan de miltfjoerboskjes: neigeraden dat de tiid ferstrykt sille dy ferfoarmje of ferdwine.

Miltfjoerboskjes
Oant yn de 19de iuw waard fee dat besmet wie mei miltfjoer faak begroeven yn de fierste hoeke fan ’e greide. Der waard dan in sleat omhinne  groeven of in freding sa oanbrocht dat sûn fee der net mear by komme koe en de miltfjoerspoaren net mear ferspraat wurde koene. Omdat de miltfjoerbaktearje iuwenlang ûnder de grûn oerlibje kin, binne de boskjes noch altyd gefaarlik. Kennis oer plakken dêr’t dy boskjes binne is nea registrearre, mar wurdt fan generaasje op generaasje binnen de boeremienskip trochjûn.

Wat oerbliuwt binne lytse eilantsjes net-oantaaste natuer, dêr’t al iuwenlang gjin minske mear west hat. De ferhalen oer dy boskjes krigen linkenoan in eigen libben. Minsken út ’e omkriten witte dat se gefaarlik binne, mar faak net mear wêrom. Dat makket de heimsinnigens derfan allinnich mar grutter.

Oer de keunstner
Fotograaf Janne van Gilst (Colijnsplaat, 1991) groeide op op it eilân Noard-Bevelân yn Seelân. Dêr ûntwikkele se in bewustwêzen fan it lânskip om har hinne. Sûnt har stúdzje Dokumentêre Fotografy oan de Keninklike Akademy fan Byldzjende Keunsten yn De Haach fotografearret se har feroarjende omjouwing. Sa reflektearret se op de kulturele tiidgeast en hoe’t dy him ferhâldt ta de wize dêr’t wy ús omjouwing op foarmjouwe en belibje. Earder wurke se oan projekten oer streekferhalen, lânboutradysjes en de oanstriid fan de minske om it lânskip te behearskjen en te betwingen. Har wurk wurdt geregeld lânlik en ynternasjonaal publisearre en eksposearre.

Oprop
Omdat de plakken dêr’t de miltfjoerboskjes te finen binne net registrearre stean, mar allinnich troch oerleveringen binnen de mienskip lokalisearre wurde kinne, freget Van Gilst minsken dy’t in miltfjoer- of pestboskje yn Noard-Nederlân te lizzen witte of dêr ferhalen oer kenne om kontakt mei har op te nimmen (jannevangilst@gmail.com of 06-1354 7778).

febrewaris 21, 2021 08:52 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.