Aant Mulder: Us lân oan diggels

febrewaris 2, 2021 07:00

Kollum

Ik hoopje dat we it slimste hân ha as jimme dit hearre of lêze. Ik kin lykwols de rebûlje fan wat dagen ferlyn mar min kwyt wurde. It hat aldergelokst net echt yn ús omkriten spile. Dêr binne we hjirre yn it noarden dochs wat te nochteren foar, tink ik. Hoewol, yn Drachten en Ljouwert ha wol needferoarderingen fan krêft west. Op Urk, yn Swol en yn in grut ferskaat oan oare plakken wat fierder fuort wie it lykwols raak. Sok opskuor hâldt my dus yn de besnijing. It dwaan en litten fan de politisy en de bestjoerders, dy’t mei hieltyd mear ferbaal geweld dêr skande fan sprekke, jildt itselde foar. It lykje wol twa wrâlden dy’t net folle mear faninoar ha moatte.

Ik begryp dat wol, mar oft it ferstannich is? Us minister-presidint kin der fan en ta wat fan en ús âld-kommisaris, no boargemaster fan Eindhoven, docht perfoarst net foar him ûnder. Dat binne mar twa foarbylden. Dat goaien mei wurden stiet likegoed yn gjin ferhâlding ta it goaien mei stiennen op strjitte op tiden dat de jûnsklok jilde moatte soe. It is ferskuorrend om oan te sjen. Oan ’e iene kant wurde wurden brûkt dy’t we suver noch net earder heard ha en oan ’e oare kant jildt itselde eins foar it rinnewearjen fan oarmans guod, wurde dingen dien, dy’t we eins noch net earder sjoen ha.

Aldergelokst hat de plysje it ek wolris wat minder dreech. Foto © Aant Mulder

Doe’t ik foar de earste kear de klok, de jûnsklok, yn ’e krante stean seach, tocht ik ynearsten oan de simmertiid. Dat hie ’k fansels goed mis, want elkenien skynt daliks assosjaasjes te hawwen mei spertiid en dus de ‘Sperzeit’ fan de Twadde Wrâldoarloch. No, ik net. Jo moatte ek al aardich op jierren wêze om der út eigen ûnderfinen wat oer sizze te kinnen. Likegoed ha ik út de ferhalen wol begrepen dat beide net ferlike wurde kinne. Doedestiden duorre dy spertiid skoften. Elkenien moast yn ’e hûs bliuwe. De gerdinen moasten ticht en bûtendoar giene de ljochten út. Warskôge waard der net. Doe diene fersetsstriders yn dy oeren dingen om de frijheid werom te krijen. No binne it de relskoppers, dêr’t net dúdlik fan is wat se eins wolle. Sy binne ûntefreden, dat is wol dúdlik, mar de jûnsklok ha we gewoan demokratysk mei-inoar ôfpraat om in firus de baas te bliuwen, oft dat no al of net slagget.

Sa falt, as we net oppasse, ús hiele maatskippij oan gruzels, oan diggels.

De resultaten fan dat rap en rút, dat binne skerven, diggels dus, fernielde bushokjes en auto’s, plondere winkels. Benammen de plysje-auto’s en de winkels yn guon sintrums moasten it belije. It wie allegearre glês en stikkene ruten, allegearre skerven, lies ik. Ik ha it leaver oer diggels. Diggels, dat binne stikken fan foarwerpen fan ierdewurk, porslein en glês dy’t útinoar fallen binne. Dat begryp wurdt ek gauris figuerlik brûkt. Dus de maatskippij kin oan diggels falle. Dat moat foar te kommen wêze. Mei wat ik fan ús plysje sjoch, ha ik dêr alle betrouwen yn. Dat is mar goed ek, want it is fansels net de bedoeling dat rap en rút gewoan op ’e diggel wêze kin, oars sein: gewoan tefreden wêze kin. Nee, it is better, dat se mei it gat yn ’e diggels sitte. Dat it by dizze rebûlje om diggels fan glês gie, sil dúdlik wêze foar wa’t de oare moarns de minsken strjitfeien sjoen hat.

Oer diggels fan glês praat, men soe hoopje dat de relskoppers de eigen glêzen ynslein ha. Dêr liket it noch net op. Wy moatte mar ôfwachtsje hoe’t dat komt. Underwilens ha hieltyd mear winkels it moaie guod net mear foar de glêzen lizzen. Krekt as hiene dy lju it al net slim genôch. Sa wurdt de kâns allinne mar grutter dat se troch de glêzen fleane, fallyt geane. No’t nei oanlieding fan al dy ûngeregeldheden glês te praat komt, betink ik my dat we it ek wol oer ruten ha en dat glêzen en ruten, ôfsjoen fan oare betsjuttingen, beide itselde betsjutte kinne.

Yn it wurdboek stiet ommers ek, jins eigen ruten ynsmite. Hie ik it der niiskrekt oer dat it moaiste guod net mear foar de glêzen leit, ik hie ek sizze kinnen dat by in oar de moaiste apels foar it rút lizze. Mar rút hat mear betsjuttingen as allinne mar in glêzen plaat yn it ramtwurk fan in finster. As we sjogge wa’t oan dy rellen meidiene, kinne we sizze, dat rap en rút meidie. Ik neamde dat wurd al earder. It is goed dat de plysje genôch minsken hie om yn te gripen en de relskoppers fan ruten spylje te litten. Dat it minste folk ornaris de measte drokte útjout, wisten we al langer. Oars soe de siswize: ‘It minste rap en rút jout it measte spul út’, net yn it wurdboek stean.

Haachske plysje om Friezen te begelieden by gelegenheid fan oanbieden petysje en bywenjen Fêste Keamerkommisje Ynlanske Saken (26 juny 2019).

Ik ha it oer glêzen en oer ruten hân. As we it oer glês ha, dan bedoele we ornaris yn it foarste plak it stoflike eigenskipswurd, dat wêr’t it fan makke is. By in rút tinke we earder oan de glêzen plaat of platen yn in finster. In finster is dus in iepening dêr’t it deiljocht troch yn in romte komt, ôfsletten mei in trochsichtige plaat of platen. In wurd as raam kinne we ek yn dy betsjutting.

Werom nei it rapalje, dat we dus ek wol rap en rút neame en dy’t safolle opskuor, safolle trelit útjoegen. Men soe wolle dat se har eigen ruten ynsmite, de eigen glêzen ynslaan, fan ruten spylje, har dus fan ruten meitsje. Men soe ek wolle dat politisy en bestjoerders de dingen nuansearre ûnder wurden bringe soene, wat minder faak in steil wurd ha soene en benammen net út in raar gat blaze soene. Wat dat oanbelanget helpt it net dat de ferkiezingen kommendeweis binne. De ûnfrede dy’t we no hearre en sjogge, sil dan grif wol út de útslaggen bliken dwaan.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 30 jannewaris yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
febrewaris 2, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.