In memoriam Jacob Rinzema (1927-2020)

jannewaris 11, 2021 09:20

Yn 1969 waard út de funksje fan Chartermaster by it Ryksargyf yn Arnhem Jaap Rinzema beneamd ta Ryksargivaris fan Fryslân. Underwilens wie hy foar it jier 1971/72 dosint oan de Ryksargyfskoalle yn Utert. Yn 1990 gie er mei pensjoen.

Willem Riemersma en Jaap Rinzema (r.)

Jaap wie in man mei in protte kennis fan en oer taal en talen. En dan benammen fan minderheidstalen mei de achtergrûnen, skiednis en juridyske kanten dêrby. It Frysk wie foar him wichtich en dus dêrby it behâld fan de Fryske taal. Yn de media frege er dêr omtinken foar mei bygelyks in artikel as dat yn Trouw fan 11 febrewaris 1993 ûnder de titel ‘Paradoxale visies op het behoud van de Friese taal’.

Jierren oanien hat er him yn bestjoeren foar it Frysk ynset. Hy wie foarsitter fan de FNP. Fan 1978 oant 1988 vice-foarsitter fan it bestjoer fan de Fryske Akademy. Op syn 88ste stapte er út it Feitsma Fûns.
Sa hold yn 1977 de FNP syn jiergearkomste yn Hotel De Kroan yn Ljouwert. Der wiene frijwat leden, oeral út Fryslân wei. Yn de LC fan 11 febrewaris 1977 stie oer it iepeningswurd fan foarsitter Jaap Rinzema benammen it folgjende: ‘De FNP-foarsitter wiisde der yn syn iepeningswurd op, dat de tiid fan hjoeddedei in gâns oare tiid is as de jierren, doe’t de partij oprjochte waerd. De FNP kaem yn de jierren sechstich, doe’t elkenien hast noch leaude yn in tiidrek fan ûnbiheinde groei, al op foar it miljeu. Mar hjoeddedei, sa sei mr. Jaap Rinzema, moat ek de FNP út en troch in kar dwaen om it skerp te sizzen tusken miljeu en wurkgelegenhyt’.

Fan belang wie syn lidmaatskip yn it bestjoer fan de RIed fan de Fryske Beweging fan 1993 oanjt 2003 en benammen syn foarsitterskip fan de YKK (Ynternasjonale Kontaktkommisje) fan de Ried. Yn de jierren njoggentich namen de kontakten tusken gebieten mei minderheidstalen ta en kamen der útwikselingen. Jaap syn kennis fan talen en achtergrûn en skiednis fan de belutsen gebieten wie dan fan belang. Doe die ek bliken dat der ferlet wie fan kennis oer minderheidstalen en de gebieten dêr t dy talen sprutsen waarden. It wie foaral fan belang dat de jongerein dêrfan op ’e hichte kaam. Dêr soene foaral de skoallen foar fuortset ûnderwiis in rol yn spylje kinne. De fraach is dan: hoe kriget men de belangstelling fan de jongerein? Der is doe keazen foar in selskipsspul: Euregua. Dêrmei kin thús, yn skoalle en yn ferienigingsferbân kennis dield en ferspraat wurde. In edukatyf selskipsspul mei fleur en kriich by it spyljen wie dus neffens de YKK in gaadlike kombinaasje fan ynformaasje en rekreaasje. Haaddoel fan it spul wie it lêzen en brûken fan de regionale taal. En om de kennis oer dy taal en de kennis oer talen en minderheidsgebieten te befoarderjen. Dêrneist wie it fan belang om it bewustwêzen fan de wearde fan de minderheidstalen en de kontakten tusken brûkers fan minderheidstalen te fergrutsjen. Hast alle skoallen foar fuortset ûnderwiis hawwe it spul nei it útbringen yn 2008 oantúgd.

Op in stuit naam Stanislaw Kruszynski, in Poal dy’t yn ’e tachtiger jierren om politike redenen flechtsje moast en no yn Nederlân wennet, kontakt mei ús op. Hy fertsjintwurdige de Kasjûben, in minderheid mei in eigen taal yn de buert fan Gdansk, dy ‘t graach kontakt mei ús hawwe woene. Harren organisaasjes moasten op ‘e nij opstart wurde en dêrta waard in wiidweidige konferinsje opset. In delegaasje fan de Ried waard dêrfoar útnûge. Wy hawwe dêr twa kear mei in delegaasje west en waarden mei in tige goed programma ûntfongen. Dêr binne yn ’e mande mei it Taalsintrum Frysk fan it Cedin útwikselingen fan learkrêften en bern fan trijetalige skoallen út ûntstien.

Yn Europa kaam ek mear each foar regionale en minderheidstalen. Op Europeesk nivo realisearren lokale en regionale oerheden harren mear en mear dat se in rol hiene yn it behâld fan de regionale en minderheidstalen en kultueren. Sa ûntstie it ferlet fan in Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen. It Hânfêst kaam der. Der stiene foaral foar it ûnderwiis wichtige ôfspraken yn, dêr’t it Ryk foar tekene hie. It like sa moai. Mar kear op kear moast de Kommisje fan Eksperts fan de Ried fan Europa konkludearje dat it Ryk him wer net oan de ôfspraken holden hie. Boppedat wie it Ryk hast alle kearen mei it trijejierliks ferslach te let. Jin oan ôfspraken hâlde wie de noarm. Mar dat jilde foar it Ryk blykber net, moasten Jaap en wy ta ús argewaasje en spyt konstatearje.

Al in moai skoft foar 2000 hie de Ried op foarstel fan Jaap besletten om him oan te sluten by de FUEN, de Federal Union of European Nationalities, yn it Dútsk bekend as FUEV. Dy NGO fan organisaasjes fan nasjonale minderheden en fan regionale en minderheidstalen komt jierliks yn in kongres earne yn Europa yn it gebiet fan in lidorganisaasje gear. Fan 2004 oant 2010 haw ik (WR) mei Jaap de Ried dêr fertsjintwurdigje mocht. De petearen ûnderweis wiene al bysûnder.
Dy kongressen wiene in fermidden dat Jaap fanwegen syn grutte kennis en behearsking fan mear as in hânfol talen op guon mominten en ûnderwerpen en yn kontakt mei persoanen o sa paste. Op fersyk fan de organisaasje fan de Bretons hat er sa stal jûn oan in pleit- en ferwarskrift fan de Bretons oan de Frânske oerheid en de konsepten fan de Charta’s fan de FUEN kritysk besjoen.
Yn Tallinn (Estlân) wiene yn 2007 grutte spanningen om de Russyske minderheid, dy’t him yn de nije ûnôfhinklike steat ûnderdrukt fielde. Yn it Westen, ek yn Nederlân, waard dy opfetting rom dield. In misfetting, sei Jaap: ‘In kwantitative minderheid fan Russen wol nei de Sowjettiid foar de Esten oer in kwalitative mearderheid bliuwe en fynt alle easken oer it learen fan de Estse taal ûnderdrukking.’ In tarette plenêre reaksje op de rige fan oanklachten fan de lieder fan de Russyske minderheid binne wy op it kongres mei alle hoedenens net út ‘e wei gien. ‘Mar ’t is net te winnen’, sei Jaap, ‘want sy binne dêr ûnder it kommunisme yn treend!’ In paradokse situaasje wie it, as Friezen op in kongres fan minderheden it opnimme foar it regear, fan Estlân yn dit gefal.

Libben en krewearjen, ek foar ’t Frysk, is foarby, Jaap is hinnegien. Betsjutting en oantinken bliuwe.

Geeske Krol
Willem Riemersma

jannewaris 11, 2021 09:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.