Yn-it-sin-bringer Grutte Gedichtejûn 2021
Resint ferskynd
Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret wer syn jierlikse Grutte Gedichtejûn. It is lykwols ditkear gjin poëzymaraton yn in smûk kafee, it barren sil folslein digitaal wêze en giet freedtejûn 5 febrewaris om 19:30 oere yn premjêre. De poëzyjûn wurdt nammentlik op it YouTube-kanaal fan Ensafh útstjoerd.
Om dy reden ropt de redaksje alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, op om ien gedicht op te nimmen. It makket net út yn hokker (streek- of minderheids)taal oft it fers skreaun is. Dêr hoecht men sels net iens dichter foar te wêzen, men mei ek rêstich in gedicht fan immen oars foarlêze.
De filmkes (leafst lizzend) moatte opstjoerd wurde foar 22 jannewaris 2021 (kin ek fia WeTransfer). Alle filmkes sille ta de Grutte Gedichtejûn omsmeid wurde. Betingst is wol dat lûd en byld fan goede kwaliteit wêze moatte, der net in te lange ynlieding op it gedicht holden wurdt en dat de opname net earder fertoand is. De redaksje hat it rjocht om te knippen yn it opstjoerde filmke.
Der sil lykas wenst tuskentroch ek muzyk wêze. Dat is ditkear fan de singer-songwriter Youp Boelens.
It oanbelangjende filmke kin nei ensafhpoezij@gmail.com stjoerd wurde.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje