Wykoersjoch koroanasifers Fryslân 24 oant en mei 30 desimber 2020
Resint ferskynd
Net earder kamen der yn ien wike sa’n protte nije besmettingen by: 1861, yn trochsneed 266 deis. Mei 4 persint wie de stiging in stik leger as yn de lêste trije wike, doe’t it tal mei 30 oant 40 persint tanaam. By de santichplussers wie de stiging fan 11 nei 13 persint. By de minsken tusken 50 en 60 jier rûn it tal ek op. By de 12- oant 18 jierrigen sakke it ôf. Yn de ferpleech– en fersoargingshuzen bliuwt de besmettingsgraad stabyl heech: 100 nije besmettingen.
Oersjoch gemeenten
Yn Noardeast-Fryslân, It Hearrenfean, Smellingerlân en Harns wiene noch net earder safolle besmettingen fêststeld as dizze wike.
Oantal nije positive testen ôfrûne wike: Ljouwert 292, Súdwest-Fryslân 285, Noardeast-Fryslân 159, Waadhoeke 149, Smellingerlân 141, It Hearrenfean 117, De Fryske Marren 111, Achtkarspelen 99, Dantumadiel 67, Weststellingwerf 60, Opsterlân 52, Tytsjerksteradiel 51, Eaststellingwerf 37, Harns 24, It Amelân 10, Skylge 3, Skiermûntseach 1 en Flylân 0.
Der binne de lêste wike, mei troch de krystdagen, minder testen as oars ôfnommen: 10.719, yn trochsneed 1531 deis, tsjin 1910 de wyks dêrfoar.
By de GGD binne 16 stjergefallen troch koroana meld. Allinne healwei novimber wie dat mear (17). Tsien minsken moaasten yn it sikehûs opnommen wurde.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje