Wykoersjoch koroanasifers Fryslân 15 oant en mei 21 jannewaris 2021

jannewaris 23, 2021 11:37

Yn de ôfrûne wike it is tal besmettingen in bytsje sakke: 1594, mar de delgong dy’t de foarige wike ynsette, sette net troch, wylst dat yn oare parten fan it lân wol it gefal wie.

Positive testen fan de lêste wike (tusken heakjes dy fan de foarlêste wike)
Súdwest-Fryslân 232 (266), Achtkarspelen 206 (118), Ljouwert 190 (179), Smellingerlân 181 (164), It Hearrenfean 128 (123), Noardeast-Fryslân 115 (146), De Fryske Marren 110 (77), Opsterlân 95 (75), Waadhoeke 82 (79), Tytsjerksteradiel 81 (115), Eaststellingwerf 58 (28), Weststellingwerf 43 (35), Dantumadiel 39 (82), Harns 18 (17), Skylge 10 (14), It Amelân 4 (4), Skiermûntseach 2 (0) en Flylân 0 (1).

Der waarden 10.843 testen ôfnommen, hast 1400 mear as in wike earder. Mei de 1594 ynfeksjes fan dizze wike derby rekkene is it koroanafirus ûnderwilens by  yn totaal 19.589 ynwenners oantroffen. Fan ’e wike is fan tweintich minsken oan GGD Fryslân meld dat se stoarn binne wylst se besmet wiene. Fan fjirtjin besmette minsken is dizze wike trochjûn dat se yn it sikehûs opnommen binne.

 

jannewaris 23, 2021 11:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.