Wurdt it Frânsk wer de ynternasjonale taal yn Europa?

jannewaris 17, 2021 19:40

It is net sa lang lyn dat de foarnaamste fiertaal yn de gebouwen fan de Europeeske Uny it Frânsk wie. Dat is ek net sa nuver, want wichtige Europeeske ynstânsjes sitte yn Brussel, Straatsburch en Lúksemburch. Ein jierren njoggentich feroare dat, doe’t in protte East-Europeeske lannen lid waarden. Dêr wie de kennis fan it Frânsk beheind, wylst se der gauris wol Ingelsk koene. It Ingelsk is doe útwoeksen ta de wichtichste fiertaal.

Neffens de Frânske minister fan Europeeske saken Clément Beaune wurdt it tiid dat it Frânsk wer faker as fiertaal brûkt wurdt. It grutste Ingelsktalige lân, it Feriene Keninkryk, is út de Europeeske Uny stapt en allinnich Ierlân en Malta binne noch foar in part Ingelsktalich. It prinsipe fan de Europeeske Uny wie altyd dat minsken harren eigen taal prate koene en dat der net ien algemiene taal komme soe. Yn de praktyk besykje organisaasjes lykwols om it near te lizzen op it gebrûk fan oare talen as it Ingelsk. Neffens Beaune moat it wer gewoan wurde dat der mear talen te hearren en te lêzen binne.

Hy pleitet dan ek net foar in Frânsktalich Europa, mar foar in Europeeske Uny dêr’t folle mear romte komt om de eigen taal te praten. Dat Frânsktaligen ûnder druk set wurde om Ingelsk te praten as se it rjocht hawwe om de eigen taal te brûken, moat net mear kinne. Wa’t yn in Europeeske organisaasje wurkje wol, moat neffens Beaune ree wêze om der in pear talen by te learen as er noch net folle talen behearsket.

jannewaris 17, 2021 19:40
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Servien jannewaris 18, 21:18

    Seit in minister fan in regearing dy’t oare franske regionale talen net erkent, en sels ûnderdrukt. Mar wel in goed idee. 🙂

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.