Wrâldbekerwedstriden: protte Fryske medaljes

jannewaris 24, 2021 19:26

Sven Kramer hat sneintemiddei in sulveren medalje wûn op de 5.000 meter. De olympysk kampioen ried 6.11,80. It goud gie nei Patrick Roest, dy’t mei 6.05,14 syn eigen baanrekôr mei mear as trije sekonden ferbettere. It brûns wie foar de Rus Sergey Trofimov mei 6.11,94.

Roest ried in rit foar Kramer en sette dêryn dus it ferpletterjende baanrekôr del. Kramer lei yn syn rit lange tiid sawat op it selde skema, mar rekke yn de lêste omgongen dochs efter op Roest. Jorrit Bergsma fan Aldeboarn einige as fiifde. Hy kaam ta in tiid fan 6.14,83. Marwin Talsma fan Grou einige earder op snein as fjirde yn de B-groep. Hy ried in nij persoanlik rekôr fan 6.13.18. De winst yn de B-groep gie nei de Noar Hallgeir Engebråten mei 6.09,21. Yn de B-groep wurdt lykwols wol yn kwartetten riden. Dat soarget ûnder mear foar mear luchtsirkulaasje, sadat de tiden net hielendal te fergelykjen binne.

Antoinette de Jong fan Rottum hat sneintemiddei in sulveren medalje wûn op de 3.000 meter. By de wrâldbekerwedstriid kaam se nei 3.58,52 oer de finish. Irene Schouten pakte it goud mei in nij baanrekôr fan 3.57,15. It baanrekôr stie op namme fan De Jong. Schouten hie yn de rit foar De Jong it nije baanrekôr delset. De Jong besocht om dy tiid oan te fallen en siet lange tiid ûnder it skema fan Schouten. De Fryske reedrydster hie lykwols gjin antwurd op de flugge lêste omgongen fan Schouten en joech úteinlik 1,36 sekonden ta. It brûns op de 3.000 meter gie nei Joy Beune. Reina Anema fan De Gordyk einige mei 4.02,58 op it sechde plak.

Femke Kok fan Nij Beets hat ek sneintemiddei de wrâldbekerwedstriid op de 500 meter wûn. De Friezinne ried mei 37,27 wol wat stadiger as op sneon. It sulver wie foar de Russyske Angelina Golikova (37,30). It brûns gie nei Olga Fatkoelina (37,40). Marrit Fledderus fan Sint Nyk debutearre op in ynternasjonale wedstriid. Frou Kok ried yn de ien rit tsjin de Vanessa Herzog. De Eastenrykske gie lykwols op de earste hûndert meter al ûnderút, sadat frou Kok op de krusing net fan har profitearje koe. Mei dêrtroch wie Kok krekt wat stadiger as op sneon. Yn de lêste rit kamen Angelina Golikova (37,30) en Heather McLean (37,52) net mear oan de tiid fan Kok.

Michelle de Jong fan Rottum ried in persoanlik rekôr fan 37,76 en einige dêrmei as fyfde. Marrit Fledderus fan Sint Nyk waard alfde yn in tiid fan 38.19. Fledderus wie eins reserve, mar mocht starte om’t Jutta Leerdam en Jorien Ter Mors harren ôfmeld hawwe foar de ôfstân.

Boarne: Omrop Fryslân

 

jannewaris 24, 2021 19:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.