Wolf hat Alde Feanen oandien. Wolkom yn It Fryske Gea!
Resint ferskynd
Nijs fan It Fryske Gea
In wyldkamera fan It Fryske Gea hat nei alle gedachten in wolf registrearre. De kamera wie ôfrûne moandei krekt ophongen en siet noch yn in testfaze. Op de bylden is de wolf by natuergebiet de Alde Feanen te sjen.
Sa gau’t in bist foar in wyldkamera lâns rint wurdt dat fêstlein. “Dat giet sa rap, dat we earst twivelen oft it net gewoan in hûn wie”, seit Henk de Vries, direkteur fan It Fryske Gea. “Om wis te wêzen hat de Zoogdiervereniging de bylden woansdeitejûn besjoen. Dy befêstigje wat wy al tochten.”
It Fryske Gea hat no by de Provinsje Fryslân offisjeel melding dien fan ‘in wolf yn Alde Feanen’. Om hielendal wis te wêzen is DNA-materiaal nedich. Dat is goed te finen yn stront fan it bist. Dêr wurdt noch om socht.
Feilichheid foar skiep
It Fryske Gea hat begryp foar de diskusje oer it gefaar dat de wolf foar skiep meibringt. It Fryske Gea hat sels ek in keppel skiep en sit ek oer de feilichheid fan syn eigen bisten yn. De organisatie bringt de pachters mei skiep yn it gebiet de Alde Feanen op ’e hichte. It bist wie yn de nacht fan tiisdei op woansdei by Alde Feanen, mar it kin deis grutte ôfstannen ôflizze. “Foar de feiligens fan ús skiep moatte wy in oplossing sykje. Wy tinke oan befeilige sliepplakken yn it lân. Op it stuit binne de bisten yn ’e skieppeskuorre en dus feilich. Ofrûne hjerst hawwe wy al te sjen west by ús kollega’s yn Oerisel en Drinte, hoe’t se dêr de skiep beskermje.”
Besjoch it filmke fan It Fryske Gea:
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje