‘Wjerspegelje’ bewiist ús kulturele earmoede

jannewaris 31, 2021 16:07

Ynstjoerd

‘Wjerspegelje’ bewiist ús kulturele earmoede

Abe de Vries

Efkes yn ’e spegel sjen en wy witte krekt hoe’t wy derfoar stean. Griis by de earen, tearen boppe de noas, reade ierkes yn it eachwyt. Wy kinne oant tsien telle of oant tweintich: it byld wurdt dêr net oars fan.

Tritich Fryske ‘dichters’ – it oantal komt fan Pieter de Groot (‘Poëzie als troost’, LC, 30 jannewaris), de skrapkes binne fan my – skriuwe sa’n fyftich koarte ‘gedichten’ – in rigel as tsien – dy’t op spegels yn ’e húskes fan restaurants en kroegen plakt wurde sille. Leafst boppe de kraan foar it hânwaskjen. It projekt hjit ‘Wjerspegelje’.

Ik seach it briefke, ferline jier, dêr’t de organisaasje yn frege om mei te dwaan en ha der doe ek al wat oer skreaun. De organisaasje, dat binne provinsjale marketingklup Merk Fryslân en tekstproduksjeburo City of Literature. It briefke woe hawwe, de ‘gedichten’ moasten posityf wêze, op te fetsjen as net-polityk en net-kritysk. Je moatte der in ‘waarm hert’ fan krije, neffens deputearre fan Kultuer Sietke Poepjes okkerdeis. De ‘dichter’ waard beleanne mei 200,- euro foar in rigel as tsien. Langer moast syn of har tekst net wurde, dy moast yn tweintich tellen te lêzen wêze, like lang as it duorret om jins hannen te waskjen.

In ‘groots’ plan, neffens De Groot, dy’t him blykber wolris ferskriuwt. Neffens him te ferlykjen mei Operaesje Fers mar leafst, de ferneamde dichterstelefoan fan eartiids.

En Poepjes luts de beurs dêrneffens: 51.000 euro kultuerjild, jawol, hat de Provinsje der foar frijmakke. Wêr’t yn fredesnamme al dat jild hinnegiet? Fyftich ‘gedichten’ smyt 10.000 euro oan skriuwersfergoedingen op. Mar dy oare 41.000 euro? ‘Steuntje in de rug voor de horeca’, sa’t baas Martin Cnossen fan Merk Fryslân seit?

It giet om mear as in pear sinten. Sinten dy’t fansels ek hiel oars bestege wurde kinnen hiene, ik jou in idee. Mei 51.000 euro kinne pak ’m beet fiif echte dichters in moaie beurs krije foar it skriuwen fan serieuze poëzij, dy’t it langer as in pandemy úthâldt. Of kin yn in perioade fan tsien jier de útjefte fan fyftich heechweardige dichtbondels stipe wurde op de wize en mei kritearia sa’t it Letterenfonds docht. Of kin in jier lang in tour hâlden wurde mei fiif, seis Fryske dichters lâns iepenbiere etablisseminten troch it hiele lân hinne.

Mar nee. Tsien rigels. Op spegels. Yn in stik as tûzen húskes. Feel-good flauwekul (‘treast’) op kosten fan de keunst, op kosten fan de poëzy, en ja, op kosten fan it Frysk. Want dat is wer dêr’t it heart, op in janpoepsplak.

No soe ik my fierder lilk meitsje kinne oer de reewilligens fan harsels neamende ‘dichters’ om opdrachten fan semy-oerheidsorganisaasjes te akseptearjen mei opleine betingsten oan it frije wurd (‘posityf’ ja, krityk nee).

Of oer it ‘belied’ fan City of Literature, dat al twa jier oars net docht as koarte, sympatyk bedoelde tekstkes produsearje litte op kaartsjes foar allike sympatike befolkingsgroepen: earst bewenners fan fersoargingshuzen, doe klanten fan de fiedselbanken, en no wer ferearme hoarekabazen.

Of oer it ‘kultuerbelied’ fan de Provinsje, it oerheidsorgaan dat keunst útroeget en har tsjinstfeinten it alternatyf biedt om in betelle byrol te spyljen yn syn kliïntalistyske mienskips- en treastpolityk.

Mar dat doch ik net. Ik bin bang dat sok jin lilk meitsjen net folle doel hat. Ik sis mar gewoan hoe’t it is. Wat ‘Wjerspegelje’ docht is wjerspegelje – nettsjinsteande bakken fol jild – hoe grut, hoe skrinend de kulturele earmoede is dy’t ús lytste Rykstaal yn syn einstadium treft. Operaesje Fers, Pieter, wie in teken fan libben. ‘Wjerspegelje’ tsjut op it lêste, lykas rochels.

jannewaris 31, 2021 16:07
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cor Jousma febrewaris 5, 11:01

    Goed stik mei in dúdlike konklúzje!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.