Wedstryd: hoe hyt de dei dat alles wer normaal is?

jannewaris 1, 2021 00:15 Fernijd

Foto: Wikipedy – publyk domein

Sûnt maart is Fryslân yn ûnstjoer: der reizget in firus troch ús kriten en it libben fan in soad minsken stiet folslein op ‘e kop.

Dochs moat der in dei wêze, hooplik yn 2021, dat it firus sa’n grutte driging net mear is. Dat baas winkelman wer  baas is oer syn eigen skoattel. Dat alle wetten wer earst fia de Twadde en Earste Keamer geane. Dat doekjeboel foar it antlit wer ferbean is ynstee fan ferplichte. Dat minsken wer fûstkje en nêstinoar sitte.

Sokke dagen dat nei it tsjuster der wer ljocht wie, ha wy mear hân: tink oan D-Day en Befrijingsdei. Hoe moat de earste dei nei de koroanakrisis hite? Lit ús dêr ris in moai Frysk wurd foar betinke, dat wy dan foar hiele Nederlân en sels Europa presintearje, mei it Frysk as taal fan ‘e hoop.

Jo foarstellen kinne oant en mei woansdei 6 jannewaris opstjoerd wurde nei ynfo@itnijs.frl of ûnder dit berjocht pleatst wurde. Ynstjoere fia de sosjale media kin net. Tink derom dat jo in mail- of postadres opneame, dan kinne wy kontakt mei de winner opnimme.

Foar de winner ha wy in eksimplaar fan it meartalige boerdspul Euregua. Dêr kin men in soad oer Europa mei leare, fansels ek yn it Frysk. Moai salang’t de dei-dy’t-noch-gjin-namme-hat net oanbrutsen is!

 

jannewaris 1, 2021 00:15 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.