Waarpraatsje: Wintersk wykein

jannewaris 29, 2021 19:01

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Mei rein waard de ‘kjeld’ freed út Fryslân ferdreaun, mar yn it wykein wurdt it suver hast wer wat wintersk. It bliuwt drûch en de sinne komt werom.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is de loft earst berûn, mar letter binne der ek (flinke) opklearringen. De wyn giet nei it noarden en wurdt swak oant matich, by de kust lâns matich oant frij krêftich. De temperatuer leit krekt ûnder it friespunt.

Sneon is der bewolking, mar de sinne lit him sa út en troch ek sjen. De matige wyn giet nei it easten oant noardeasten. De temperatuer leit om de 2 graden hinne.

Yn ‘e nacht nei snein friest it op in soad plakken in graad as 3. Snein oerdei feroaret der net folle oan it winterske waar. It bliuwt drûch en de sinne lit him geregeld sjen. By in matige eastewyn leit de temperatuer in pear graden boppe it friespunt.

Begjin takomme wike bliuwt it oan de kâlde kant.

Jan Brinksma

jannewaris 29, 2021 19:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.