Waarpraatsje: Stadichoan wer kâlder

jannewaris 12, 2021 19:15

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in wiet begjin waard it noch in hiel kreaze tiisdei mei flink wat sinne. Moarn is der kâns op in winterske bui.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei wikselje opklearringen en in pear (winterske) buien inoar ôf. De westewyn is matich, by de kust lâns stiet in frij krêftige oant krêftige noardwestewyn. De temperatuer leit krekt boppe it friespunt.

Woansdei wiskelje sinne en wat buien, miskien wol mei heil, inoar ôf. De wyn komt út it westen en is matich. By de noardkust lâns en yn it Waadgebiet is de wyn krêftich. It wurdt 5 graden.

Fan tongersdei ôf krije wy, yn elts gefal, trije kâlde dagen mei yn ‘e nachten in pear graden froast.

Warskôging:
Tiisdeitejûn, yn ‘e nacht nei woansdei ta en yn de iere moarntiid kin it op guon plakken (wat) glêd wurde.

 

jannewaris 12, 2021 19:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.