Waarpraatsje: Stadichoan kâlder
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
E JOUWER – Nei in tige rûzige tongersdei is it freed wat rêstiger en noch oan de mylde kant. Yn it wykein wurdt it kâlder.
Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed is de loft berûn en reint it wer in skoft. De súdwestewyn is swak oant matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt in graad as 3.
Freed wikselje bewolking en sinne inoar ôf en it bliuwt drûch. De wyn komt út it súdwesten en is matich, by de kust lâns frij krêftich, miskien wol efkes krêftich. De temperatuer leit om de 6 graden hinne.
Yn it wykein wurdt it kâlder, mar it bliuwt ritich.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje