Waarpraatsje: Sneon kâns op snie, snein teiwaar
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie in kâlde, skiere en tige rêstige freed. Sneon is der kâns op snie mar fan snein ôf wurdt it mylder.
Yn ‘e nacht fan freed op sneon is de loft berûn, mar in opklearring is net hielendal útsletten. By in opklearring soe ek wat damp ûntstean kinne. De wyn is swak en komt út ferskate rjochtingen, mar wurdt letter súdwest. De temperatuer leit tusken -3 en +1 graad.
Sneon is it skier mei op guon plakken miskien noch wat damp. Yn ‘e moarntiid is de sinne miskien ek noch wol efkes te sjen. Letter rekket de loft berûn en yn ‘e middei en jûn falt der snie. De wyn giet nei it suden oant súdwesten en wurdt matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit krekt boppe it friespunt.
Yn ‘e nacht fan sneon op snein soe der earst noch wat snie falle kinne, mar letter giet de snie oer yn rein. Snein oerdei kin it sa út en troch wat reine. It is in skiere dei en by in matige westewyn giet de temperatuer omheech. It wurdt yn ‘e middei 6 graden.
Takomme wike is it myld en ritich.
Warskôging: Sneon, sneontejûn, yn ‘e nacht fan sneon op snein en sneintemoarn kin it troch snie glêd wurde.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje