Waarpraatsje: Ritich en myld

jannewaris 17, 2021 19:37

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kâlde sneon mei in tin laagje snie hiene wy in kreaze snein mei in graad as 6. Takomme wike is it ritich en myld.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei binne der opklearringen, mar wat bewolking is ek net útsletten. De wyn komt út it westen oant súdwesten en is swak oant matich. De temperatuer leit krekt boppe it friespunt.
Moandei is de loft berûn en yn ‘e rin fan ‘e dei kin it op guon plakken sa út en troch wat reine. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt 6 graden.
Tiisdei is in skiere en wiete dei. It wurdt boppedat tige myld.
 
Warskôging:
Sneintejûn, yn ‘e nacht nei moandei ta en yn de iere moarntiid kin it op guon plakken noch wat glêd wurde.
 
Jan Brinksma
jannewaris 17, 2021 19:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.