Waarpraatsje: Pear kâlde dagen
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in pear wat myldere dagen krije wy no wer wat kâlder waar, mar fan snein ôf giet de temperatuer alwer omheech.
Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei binne der (flinke) opklearringen. De wyn komt út rjochtingen tusken it noarden en it easten en is swak, by de kust lâns matich. De temperatuer leit tusken de -2 en +2 graden.
Tongersdei skynt de sinne geregeld, mar der is ek wol (wat) bewolking. By in swakke eastewyn wurdt it 3 graden.
Freed en sneon binne ek twa kâlde winterdagen mei wat froast yn ‘e nacht.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje