Waarpraatsje: Oanhâldend oan de kâlde kant

jannewaris 3, 2021 19:32

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It is wat wintersk en dat bliuwt it foarearst ek, mar iis om op te riden komt der perfoarst net.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei is de loft berûn en in lyts bytsje (sto)rein is net hielendal útsletten. De wyn komt út it noardeasten en is matich, by de kust lâns krêftich oant hurd. De temperatuer leit om de 2 graden hinne.
Moandei is it wer skier, mar it bliuwt, sa goed as, drûch. De noardeastewyn is matich, by de kust lâns krêftich. It wurdt 3 graden, mar troch de wyn fielt in stik kâlder oan.
De oare dagen fan dizze wike feroaret der net folle oan it wat winterske waar.
Jan Brinksma
jannewaris 3, 2021 19:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.