Waarpraatsje: Miskien wat wiete snie

jannewaris 6, 2021 18:59

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It waar is dizze dagen tige ferfeelsum en dat bliuwt it foarearst ek.

Yn ’e nacht nei tongersdei ta is de loft berûn en geandewei kin it wat reine, mar efkes wat wiete snie is ek net hielendal útsletten. By in swakke oant matige weste- oant noardwestewyn bliuwt de temperatuer krekt boppe it friespunt.

Tongersdei is de loft ek berûn en der falt sa út en troch wat winterske delslach. De kâns op reinwetter it grutter as dy op wiete snie. De noardwestewyn is swak oant matich en de temperatuer leit om de 3 graden hinne.

Nei tongersdei bliuwt it skier en earst ek noch oan de kâlde kant.

Jan Brinksma

jannewaris 6, 2021 18:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.