Waarpraatsje: Kâlde nachten

jannewaris 8, 2021 20:55

© Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei dagen skier waar wie freed op in soad plakken yn Fryslân de sinne wer goed te sjen. It waar foar it wykein sjocht der goed út. De nachten binne wol kâld.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon binne der flinke opklearringen, mar der is ek wol wat bewolking en in bui is net hielendal útsletten. Op guon plakken soe wat damp ûntstean kinne. De wyn komt út it noardwesten en is swak, by de kust lâns stiet in matige noardewyn. De temperatuer leit tusken de -2 en +2 graden.

Sneon soe it op guon plakken earst noch wat dampich wêze kinne. Letter wikselje sinne en hingelwolken inoar ôf en der kin noch in bui falle. De wyn is swak en giet stadichoan fan it noardwesten nei it súdwesten. By de kust lâns stiet in matige noardwestewyn. De temperatuer leit om de 4 graden hinne.

Yn ‘e nacht fan sneon op snein kin it wer in pear graden frieze en snein feroaret der net folle oan it rêstige winterwaar. It is foar it grutste part fan ‘e dei skier, mar it bliuwt drûch. By in swakke oant matige súdwestewyn wurdt it 3 graden.

Nei it wykein wurdt it mylder en stadichoan ek ritich.

Jan Brinksma

jannewaris 8, 2021 20:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.