Waarpraatsje: Kâld
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie tiisdei wer in kâlde en skiere dei mei sa út en troch wat (sto)rein. It is woansdei, sa goed as, drûch mar it bliuwt kâld.
Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is de loft berûn en it kin earst noch wat (sto)reine. Letter yn ‘e nacht is der kâns op in pear opklearringen. By in swakke oant matige noardeastewyn leit de temperatuer op de measte plakken krekt boppe it friespunt.
Woansdei is it skier mar wol, sa goed as, drûch. De wyn komt út it noarden oant noardeasten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. Yn ‘e rin fan ‘e dei giet de wyn nei it noarden. It wurdt 3 graden.
Tongersdei en freed binne ek kâld en skier.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje