Waarpraatsje: Freed wer wat sinne?

jannewaris 7, 2021 17:39

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It begjin fan 2021 is tige skier. De sinne hat yn De Bilt noch mar ien oere skynd, mar der is in kâns dat wy freed de sinne wer efkes sjogge.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed is de loft berûn en it kin sa út en troch wat (sto)reine. De wyn komt út it westen oant noardwesten en is matich. De temperatuer leit om de 2 graden hinne.
Freed is it earst skier en op guon plakken kin in bui falle. Yn ‘e rin fan ‘e dei sille wy miskien ek noch in glimp fan de sinne sjen. De wyn giet nei it noarden en is swak oant matich. It wurdt 4 graden.
Yn it wykein is it drûch mei op beide dagen miskien wat sinne. Yn ‘e nachten kin it in pear graden frieze.
Jan Brinksma
jannewaris 7, 2021 17:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.