Waarpraatsje: Efkes wat mylder
Resint ferskynd
DE JOUWER – Nei in kreaze sneon mei earst glêde diken en letter wat buikes hiene wy in skiere snein mei storein. Fan moandei ôf wurdt it in pear dagen wat mylder.
Yn ‘e nacht fan snein op moandei is de loft berûn en der kin wat storein falle. In pear opklearringen binne oan it begjin fan ‘e nacht net hielendal útsletten. Der soe dan ek wat damp ûntstean kinne. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich. De temperatuer leit krekt boppe it friespunt.
Moandei is de loft berûn en it kin sa út en troch wat (sto)reine. De wyn komt út it súdwesten en is matich oant frij krêftich, by de kust lâns krêftich. It wurdt in graad as 5.
De oare dagen fan dizze wike bliuwt it ritich.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje