Waarpraatsje: Bewolking sit ‘kjeld’ dwers
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie tongersdei in kreaze en kâlde winterdei mei in soad sinne. It bliuwt noch in pear dagen wintersk, mar der is wol mear bewolking.
Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed is de loft berûn, mar in opklearring is net hielendal útsletten. Letter soe der by de kust lâns in winterske bui falle kinne. De wyn komt út it noarden oant noardeasten en is swak, by de kust lâns matich. De temperatuer leit om it friespunt hinne.
Freed is de loft berûn en der kin in wintersk buike falle mar miskien sjogge wy de sinne ek noch wol efkes. De wyn is swak en komt út ferskate rjochtingen. By de kust lâns stiet in matige noarde- oant noardeastewyn. It wurdt 3 graden.
Yn it wykein is der kâns op snie en letter reinwetter.
Warskôging: Tongersdeitejûn, yn ‘e nacht nei freed ta en yn ‘e iere moarntiid kin it op guon plakken (wat) glêd wurde.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje