Utstalling ‘The Rolling Stones – Unzipped’ ferlinge

jannewaris 15, 2021 08:51

De útstalling The Rolling Stones – Unzipped wurdt mei in moanne ferlinge oant en mei 28 maart 2021.

‘The Rolling Stones – Unzipped’ (foto: Siese Veenstra/Groninger Museum)

De populêre eksposysje oer de wrâldferneamde rockband soe oarspronklik oant en mei 28 febrewaris te sjen wêze yn it Grinzer Museum. No’t it museum langer ticht bliuwt fanwege de koroanamaatregels, is besletten om de útstalling te ferlingjen sadat aanst safolle mooglik minsken dochs noch de kâns krije om dy te besjen.

Sa gau’t bekend is wannear’t it museum wer iepen mei, folget der mear ynformaasje oer de start fan de kaartferkeap. Dat sil ûnder oare fia de webside, sosjalemediakanalen en de nijsbrief fan it Grinzer Museum kommunisearre wurde.

Lês ek dit berjocht fan It Nijs oer de eksposysje.

jannewaris 15, 2021 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.