Utgeansferbod yn hiele Nederlân

jannewaris 21, 2021 18:25

Foto: Unsplash

De Nederlânske Twadde Keamer hat in ferbod ynfierd om tusken njoggen oere jûns en healwei fiven moarns bûtendoar te wêzen. Earder wie der gjin Keamermearderheid foar dat plan, mar regearingspartij D66 is omgien doe’t de begjintiid in healoere opskood waard.

Dy’t bûtendoar oantroffen wurdt, kin in boete fan 95 euro krije. Utsûnderings binne der foar minsken dy’t de hûn útlitte, dy’t fan of nei it wurk of de stúdzje ta geane, dy’t ien helpe moatte of dy’t weromkomme út it bûtenlân. Minsken moatte bewize kinne dat hja ta ien fan dy groepen hearre, bygelyks mei in dokumint fan harren wurkjouwer of oplieding. Ferfalsking fan sokke dokuminten is strafber.

Fleanreizen út it Feriene Keninkryk en ferskate oare lannen mei in protte tige besmetlike koroanapasjinten binne ynearsten ferbean.

jannewaris 21, 2021 18:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.