Urkers stekke koroanahifkersstrjitte yn ‘e brân

jannewaris 23, 2021 23:19

De hifkersstrjitte op Urk wurdt oanstutsen.

Op Urk is in saneamde koroanahifkersstrjitte yn ‘e brân stutsen. Dat is in plak dêr’t minsken mei de auto komme kinne om hifkje te litten oft hja it koroanafirus ûnder de lea hawwe. De plysje hat op syn minst ien fertochte oanhâlden.

De dieders hawwe de wannen fan ‘e medyske lokaasje yntrape en dêrnei fan binnenút brân stifte.

It is wakker te rêden op it eardere Sudersee-eilân. Fan acht oere ôf binne minsken gearklofte yn de haven. Der binne tusken de twahûndert auto’s en in protte skûters. Der waard fjoerwurk ôfstutsen en der binne autobrannen yn ‘e brân set. De plysje hat it earst oansjoen, mar net yngrypt. De brânwacht wie om alve oere hinne noch dwaande mei it dwêsten fan de flammen.

Om kertier oer alven is de ME oankommen om de oanwêzige plysje te hantlangjen by it fuortjeien fan ‘e kliber.

jannewaris 23, 2021 23:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.