Twitter en Facebook slaan Trump oer de mûle

jannewaris 18, 2021 15:55

Skôging troch Tjalling van der Goot

De frijheid fan mieningsutering stiet faai. President Trump is ferballe fan sosjale media sa as Twitter en Facebook. Dat alles omdat dy mediagiganten de miening tadien binne dat Trump de foara brûkt hat foar ferkearde ynformaasje. Mei dêrtroch is yn harren eagen op 6 jannewaris it Kapitoal yn Washington bestoarme. De aksje fan Twitter en Facebook liket stoer mar is in gefaarlike ynbrek op it rjocht fan immen om te sizzen wat er wol. Ek al bin ik it iens mei de kritikasters fan de president dy’t miene dat er ‘fakenijs’ en leagens ferspraat – benammen oer it ferrin fan de ferkiezingen – it betsjut net dat dêrom de man syn miening net mear uterje mei. De fraach is oft soksoarte fan praktiken ek yn ús lân kinne.

Hoe sit it ek alwer? Begjin dit jier waard de Amerikaanske demokrasy yn it hert rekke. Oanhingers fan president Donald Trump sammelen har yn de haadstêd om in taspraak fan de man te hearren. Trump sei tsjin it oanwêzige folk dat hy de stellerij fan de stimmen nea tajaan soe en dat de swakke leden fan de Republikeinske Partij yn de Senaat út haren sitten helle wurde moasten. Grutte kloften minsken rûnen dêrnei nei it Kapitoal en besetten dat hûs fan de demokrasy. Neist grutte materiële skea, binne fiif minsken dea rekke en ferskate ferwûne.

De Twitter-president koe syn fans altyd it bêste berikke troch sosjale media. Foaral troch Twitter joech er yn 280 tekens syn miening oer nasjonale en ynternasjonale fraachstikken en konklikten. Mei mear as 80 miljoen folgers. It wie in machtich wapen, just omdat er yn oarloach wie mei de measte tradisjonele media. De ferballing fan de sosjale mediaplatfoarms hellet it fenyn út de president. It beslút dêrta is nommen troch de direksje fan dy bedriuwen, net nei in demokratysk proses. It makket dat sokke Techbedriuwen grutte macht hawwe. Te grutte macht. Net om ’e nocht achte bûnskanselier Angela Merkel it beslút problematysk en soe se der in foarstanner fan wêze as it foech oer de fraach oft wol of net twitterje meie yn hannen fan in rjochter komme kin.

Yn Amearika wurde de wurden fan Trump sjoen as it opstokeljen om it Kapitoal oan te fallen. Mar is dat ek sa? Neffens ús rjocht is opstokeljen pas strafber as immen opropt ta strafbere feiten. Ik haw net heard dat Trump dêr streekrjocht ta oproppen hat. Hy hat net sein dat senaatsleden oanfallen wurde moasten of dat geweld brûkt wurde moast. Neffens ús rjocht is foar strafberens fereaske dat Trump mei syn wurden bewust in oanmerklike kâns akseptearret dat oaren geweld brûke sille. Dat is feitlik en jurydysk in komplekse fraach. Twitter en Facebook spylje mei harren beslút foar eigen rjochter.

In provider sa as Twitter, Facebook, Youtube of Snapchat, is – krekt as in útjower fan in boek – net strafber as op it medium strafbere wurden brûkt wurde. Us wetjouwer hat al yn 2002 sein: “Artikel 7 fan de Grûnwet jout oan de oerheid de opdracht om yn te stean foar de frijheid fan mieningsutering en dy te stimulearjen. Sensuer fan steatswege moat te foaren kommen wurde. Artikel 54a fan it wetboek fan strafrjocht hat op it each dat de tuskenpersoan, mei sjoen syn yn belang tanimmende rol yn it proses fan dataútwikseling troch komminikaasjenetwurken, needsake wurdt ta sensuer foarôf om strafrjochtlike oanspraaklikens foar te kommen. De regeling tsjinnet in ûnbehindere ynformaasje-útwikseling en dêrmei in grûnbegjinsel fan in demokratyske rjochtssteat.”

De frijheid om te sizzen wat immen wol is dus in grut goed. Yn de Europeeske en ynlânske rjochtspraak is regele dat it frije rjocht om te sizzen en te skriuwen ek giet oer útspraken dy’t kwetse, sjokkearje of ûntrêstigje. Al hielendal as it giet om in politikus. De grins leit by wat de wet as strafber regele hat. Mei oare wurden, hja meie yn it iepenbier in protte sizze en dwaan, ek al fine in protte minsken de uteringen kwealik, rûch of stokelerij. It is net oan Twitter of Facebook om sels út te meitsjen oft oer in by wet stelde grins gien is. Wat dat oanbelanget binne de wurden fan Merkel sa gek noch net.

Tjalling van der Goot is abbekaat by Anker & Anker Strafrechtadvocaten Ljouwert
jannewaris 18, 2021 15:55
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin2.0 jannewaris 19, 12:32

    Dit is ien fan de bêste bydragen op It Nijs oant no ta. Gjin populêr mar in ynhâldlik stevich ûnderboud stik. Ik bin it dan ek folslein iens mei Tjalling. Fan de toan fan Trump giet jin de grize oer de grouwe, mar wy meie nea de prinsipes fan de rjochtsteat oan ‘e kant skowe!

    Wy nimme oan dat elkenien de begjinselen fan de rjochtsteat goed foar eagen hat. Dat is net sa en neutrale foarljochting is seker yn ús tiid wer fan grut belang.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.