Twa jier nei kontenerramp noch hieltyd 800.000 kilo ôffal yn see

jannewaris 2, 2021 09:03

Stichting De Noordzee presintearret foto ‘Soesto helpe as it koe?’

Hjoed, 2 jannewaris, is it presys twa jier lyn dat 342 konteners oerboard sloegen fan kontenerskip MSC Zoe. Sûnt dy ramp is der in protte bard, mar lykwols leit sa’n fearn fan de rotsoai dy’t yn it wetter foel noch hieltyd yn de Noardsee. Stichting De Noordzee presintearret hjoed de foto ‘Soesto helpe as it koe?’.

Foto: Stichting De Noordzee

De foto symbolisearret dat yn novimber 2019 troch de oerheid besletten is om mei it opromjen op te hâlden. “As ôffal oanspielt, dan skrikke we der allegear fan”, seit programmalieder Ewout van Galen fan Stichting De Noordzee, “mar ek it ûnsichtbere ôffal yn see is skealik en moat sa gau mooglik opromme wurde.”

Op ‘e foto sjocht men in man mei in ôffalgriper en in jiskepûde by de brâning stean. Hy sjocht nei de Noardsee, dêr’t yn ’e nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 3,2 miljoen kilo ôffal yn see telâne kaam. It ôffal bedarre yn ’e Noardsee, it grutste natuergebiet fan Nederlân, en yn ’e Waadseee, UNESCO Wrâlderfgoed. Der spielden konteners oan, minsken út it hiele lân holpen mei opromjen en der waard troch sawol bergers as fiskers ôffal út ’e see helle. “Wy binne bliid mei de muoite dy’t dien is en de 2,4 miljoen kilo ôffal dy’t út see helle is”, seit Van Galen. “mar it is net genôch dat allinnich it ôffal opromme wurdt dat tafallich oanspielt of yn in fiskersnet telâne komt. Dat lêste smyt sels gefaarlike situaasjes op. En plestik ôffal fergiet net. Dat probleem ferdwynt net fansels.”

De ôfrûne twa jier is net stilsitten troch de oerheid, kennisynstellingen en oare organisaasjes: der is ûndersyk dien, der binne rapporten skreaun en oanbefellingen stjoerd. Feilich kontenerferfier stiet tsjintwurdich heech op ’e politike aginda. Van Galen leit út: “De kontenerramp mei kontenerskip MSC Zoe hat it belang fan feilich kontenerferfier foar elkenien pynlik sichtber makke. Net ien wol dat soks noch in kear bart. Wy binne dan ek bliid dat de minister fan Ynfrastruktuer en Wettersteat tasein hat om ynfolling te jaan oan oanbefellingen út resint ferskynde ûndersyksrapporten, lykas it ûnderwerp ynternasjonaal ûnder de oandacht te bringen en te ûndersykjen oft in sekuere ferkearsbegelieding foar skippen mooglik is. Tefoaren komme is better as genêze! En neist it foarkommen fan nije kontenerrampen wol Stichting De Noordzee dat it haadstik ‘kontenerramp MSC Zoe’ netsjes ôfsletten wurdt. En dat betsjut: alle ôffal út see.”

Oer Stichting de Noordzee
Stichting De Noordzee is in ûnôfhinklike natuer- en miljeuorganisaasje en is dé organisaasje as it giet om beskermjen en duorsum brûken fan de Noardsee. De stifting rjochtet him op fjouwer doelen: romte foar natuer, skjinne see, duorsum iten en natuerfreonlike enerzjy. Mei oare organisaasjes wurkee de stifting oan in skjinne en sûne Noardzee.

jannewaris 2, 2021 09:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.