Tûzenen restauranten yn Italië bliuwe út protest iepen
Resint ferskynd
Yn Italië binne freedtejûn tûzenen restauranten iepenbleaun, nettsjinsteande de koroanamaatregels. De restauranthâlders protestearren tsjin de ferplichte sluting fan harren saak om 18.00 oere. Neffens Italiaanske media diene sa’n 30.000 restauranten oan de aksje mei.
Minsken waarden fia sosjale media oproppen om nei harren favorite restaurant te gean om dat te stypjen. De plysje hat yn guon gefallen boeten útdield. De hoareka yn Italië hat it dreech. Restauranteigeners sizze dat se stikkenmakke wurde troch de koroanamaatregels en dêrtroch finansjeel yn swier waar komme.
Yn Nederlân wolle eigeners harren hoarekagelegenheden wer iepenje as de winkels wer iepengean.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje