Trump mei net mear Twitterje

jannewaris 9, 2021 09:51

Twitter hat Donald Trump foargoed fan it sosjale medium ferballe. It bedriuw hat dat besletten fanwege “it risiko op fierdere oanset ta geweld”, sa stiet yn in ferklearring.

Foto: Wikipedia/Michael Vadon – CC BY-SA 4.0

Woansdei koe Trump al tolve oeren net ynlogge op syn akkount, mei’t er yn syn tweets net genôch ôfstân naam fan de gewelddiedige kloft dy’t it Amerikaanske Kongres binnenfoel. Twitter seach dat as it skeinen fan de betingsten en Trump waard pas wer talitten doe’t er dy tweets fuorthelle hie.

Twa nije tweets brochten Trump juster opnij yn ’e problemen. Yn de iene sei er dat er net nei de ynauguraasje fan de nije presidint Joe Biden komme soe en yn de oare priizge er syn oanhingers. De kombinaasje fan dy beide berjochten gie Twitter te fier, mei it each op de eardere ûngeregeldheden.

Trump syn ôfwêzigens by de ynstallaasje fan Biden soe syn oanhingers it sinjaal jaan kinne dat de seremoanje in doelwyt is. Der soe sels al oproppen wêze ta nije aksjes op 17 jannewaris. Neffens Twitter seit it ek dat Trump hielendal net fan doel is om mei te wurkjen oan in linige oergong nei it nije regear, lykas er ûnthjitte.

In oere nei syn ferballing reagearre Trump fia it offisjele Twitterakkount fan de Amerikaanske presidint, @Potus: “Mei de demokraten en radikaal-lofts wol Twitter my de mûle snuorje – en de 75 miljoen patriotten dy’t op my stimd hawwe.” Hy sei derby dat er yn de heine takomst in eigen sosjalemediaplatfoarm opsette wol. Dy tweets binne ûnderwilens wer troch Twitter ferwidere.

Trump mei, salang’t er noch yn it Wite Hûs sit, ek net mear op Facebook komme. Hy is noch wol op Instagram te finen.

jannewaris 9, 2021 09:51
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin2.0 jannewaris 9, 11:45

    Twitter hat like diktatoariale trekjes as Trump…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.