Trump leit him del by ferlies ferkiezingen yn fideotaspraak

jannewaris 8, 2021 10:58

Foar it earst sûnt de oanfal op it Kapitoal hat presidint Trump yn it iepenbier weromsjoen op it barren fan woansdei. Hy pleatste ôfrûne nacht in fideo op Twitter, dêr’t er yn syn ôfgriis yn útspruts oer it geweld yn Washington en erkende dat Joe Biden de nije presidint wurdt.

Hy sei dat er fuortdaliks de Nasjonale Garde en federale troepen ynskeakele hie om de ynkringers út it Kapitoal te ferwiderjen, mar neffens kritisy hie er dêr just te lang mei wachte. De presidint naam ôfstân fan de geweldplegers. Trump sei dat de ferkiezingen “yntins” wiene en dat de emoasjes heech oprûn binne. It is neffens him no tiid om de rêst weromkomme te litten. Foar it earst werhelle Trump diskear net dat der neffens him by de ferkiezingen fraudearre is.

Trump wiisde derop dat 2020 in dreech jier west hat, mei troch de koroanakrisis. Hy sei dat elkenien as “in nasjonale famylje” gearwurkje moat om de skea te reparearjen. Fierder sei er dat it de grutste ear yn syn libben wie dat er it folk tsjinje mocht as presidint. En dat de geweldige reis noch mar krekt begûn is.

Besjoch it filmke:

jannewaris 8, 2021 10:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.